Dennis Veenker slút Olympyske Spelen yn fjouwermansbob ôf op 26e plak

Bobslider Dennis Veenker fan Damwâld hat syn toernoai yn de fjouwermansbob op de Olympyske Spelen yn Sina ôfsletten op it 26e plak.
Fjouwermansbob mei Dennis Veenker © ANP
De Fries levere yn de tredde run mei piloat Ivo de Bruin en de oare remmers Janko Franjic en Jelen Franjic in plak yn yn ferliking mei in dei earder. Allinnich de top tweintich mei dielnimme oan de fjirde en ôfslutende run.

Stadiger

Veenker-en-dy giene yn it Yanging National Sliding Centre yn de tredde run nei ûnderen yn 1.00,08. Dat wie de stadichste tiid fan de trije ôfdalingen. Ek de start wie mei 5,13 sekonden de stadichste fan de trije. De Súd-Koreaanske bob fan Suk Youngjin wist se dêrtroch te passearjen.
Yn it klassemint stienen Veenker-en-dy 4,83 sekonden efter op de Dútser Francesco Friedrich, dy't nei trije runs oan de lieding gie. Lykas ferwachte waard er nei fjouwer runs olympysk kampioen, foar de twadde kear op rige. Hy wie mei 3.54,30 de rapste yn Peking. It sulver gie nei lângenoat Johannes Lochner, brûns wie foar Kanada, foar Justin Kripps.
Earder waard Friedrich ek al kampioen yn de twamansbob.

Debút

It is foar Veenker en syn team de earste kear dat se dielnimme oan de Olympyske Spelen. De fjouwermansbob kwalifisearre him yn earste ynstânsje net neffens de noarmen fan NOC*NSF, mar waard dochs troch it bobslydbûn foardroegen.
Nei ôfrin sei piloat De Bruin dat er hiel grutsk is dat syn ploech nei alle ups en downs op de Spelen stean mocht. "We wilden heel graag de top-20 in", sei er tsjin de NOS. "Daar hebben we voor geknokt. We hebben alles gegeven, maar het is niet gelukt. Jammer."
Veenker joech oan net te witten hoe't dat komt, oan it hurde wurkjen leit it net sei er.
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside.