Wedstriid froulju Hearrenfean staakt om minne kwaliteit fjild

De bekerwedstriid fan de froulju fan sc Hearrenfean tsjin Alkmaar is staakt om de minne kwaliteit fan it Alkmaarse fjild. Der foel safolle rein dat it fjild net mear te bespyljen wie, seit in wurdfierder fan Hearrenfean.
Dana Philippo fan Hearrenfean yn de rein © Orange Pictures
De wedstriid is earder ek al in kear útsteld, omdat der sprake wie fan coronabesmettingen yn de seleksje fan Hearrenfean. No koe de wedstriid wol fan start gean, mar nei de earste helte waard it fjild ôfkard.

Golfbaan

Neffens wurdfierder Sharinda Smelt fan sc Hearrenfean kaam der wetter ûnder it keunstgers telâne. "Het leek meer op een golfbaan dan op een voetbalveld."
It gie om it haadfjild op it sportpark fan AFC '34 yn Alkmaar. Der is noch in alternatyf fjild besjoen, op itselde sportpark, mar neffens Hearrenfean wie dêr de kondysje fan it fjild noch minder. It ljocht soe ek net goed genôch west ha.
"We konden de gezondheid van de speelsters niet garanderen, en dus zijn we daar niet akkoord mee gegaan."

Passen en meten

De wedstriid moat no op in oar momint útspile wurde. Dêr moat noch in datum foar fûn wurde. "Dat wordt passen en meten", seit Smelt, omdat der mear wedstriden ynhelle wurde moatte fanwege corona. "En de spelers moeten tussen de wedstrijden door wel voldoende rust krijgen."
Hearrenfean stie op in 2-1 achterstân doe't de wedstriid staakt waard. De earste twa doelpunten foelen binnen fiif minuten: Hearrenfean stie al nei in minút op efterstân troch in doelpunt fan Sanne Koopman. Nikee van Dijk sette de ploegen trije minuten letter wer njonken elkoar. Krekt foar it skoft kaam Alkmaar op 2-1 troch in doelpunt fan Alieke Tuin.