IIshockyers fan UNIS Flyers winne nei drege wedstriid fan Zoetermeer

De UNIS Flyers hawwe sneon mei muoite wûn fan Zoetermeer Panters. De einstân nei trije perioaden iishockey yn Zoetermeer wie 3-4.
Frits Doop fan de Flyers earder dit seizoen yn aksje © Orange Pictures
De Flyers stienen nei 40 sekonden al op efterstân. Teris Wright sette Zoetermeer op in 1-0 foarsprong. De Flyers kamen op likense hichte troch in frjemd doelpunt. Pipo Limnell skeat fan grutte ôfstân en de keeper fan Zoetermeer liet de bal troch de fuotten hinne gean: 1-1. Dat wie ek de tuskenstân oan de ein fan de earste perioade.

Moaie aksje Pitkänen hichtepunt

Yn de twadde perioade wienen it de Flyers dy't as earste skoarden. Limnell makke syn twadde fan de jûn: 1-2. Mei noch goed acht minuten op de klok makke Riku Pitkänen der nei in moaie aksje 1-3 fan.
Yn de tredde perioade kaam Zoetermeer werom yn de wedstriid. Joy Turpijn skoarde út de rebound. De marzje wie lykwols al fluch wer twa. Pitkänen skoarde mei in hurd skot: 2-4.
De doelpunten folgen elkoar yn dizze faze fluch op. Zoetermeer makke nei in moaie assist fan Turpijn 3-4 fia Mike Collard. De Flyers wisten foar te kommen dat it noch lyk waard.
De ploech mei dus wer trije punten byskriuwe.