Kuorballers fan LDODK komme tekoart tsjin PKC

LDODK hat de earste wedstriid yn de kampioenspûl mei 23-19 ferlern fan PKC. Yn in sfearfol Papendrecht siet it der foar de kuorbalploech út De Gordyk eins nea yn.
Erwin Zwart hellet út © Orange Pictures
LDODK begûn prima oan de wedstriid en stie al fluch mei 0-3 foar. Dêrnei focht it sterke PKC him lykwols werom. Efkes gie it lykop, mar doe sloech PKC in gatsje (10-6).

Te min kânsen

De ploech út De Gordyk kreëarre te min kânsen en pakte te min rebounds. By it skoft wie it 15-11.
Yn de twadde helte siet it der eins gjin momint yn foar LDODK. PKC hie de hiele tiid in riante marzje. De ploech út Papendrecht spile ek net geweldich, mar kreëarre wol mear kânsen en dat smiet ek mear doelpunten op.
De wedstriid einige yn 23-19. LDODK liket dêrmei kânsleas foar de play-offs om it kampioenskip.