FIDEO: Bakkers sjogge fol spanning nei Marijke Groenewoud
Taarten, koekjes, tompoucen en in einsprint; dat binne de spesjaliteiten fan Marijke Groenewoud fan Hallum. Foardat se profesjoneel reedrydster waard, rûn se trije kear staazje by de bakkerij fan Nico en Aeltsje de Groot yn Stiens. Dêr seagen se sneontemoarn fol spanning, mar benammen ek grutsk nei de massastart.