Soad stoarmskea yn bosken; Staatsbosbeheer ropt op om bosken net yn te gean

Staatsbosbeheer skrikt fan de skea oan de bosken troch de stoarm fan freedtejûn en -nacht. It is libbensgefaarlik yn de bosken en dêrom ropt de natuerbehearder minsken op om fuort te bliuwen.
Dennis Benedictus fan Staatsbosbeheer súdeast-Fryslân sjocht bygelyks in soad omwaaide sparrebeammen yn de bosken fan Oranjewâld. En lang net alles is ek omfallen. Der hingje ek noch in soad beammen tsjin oare beammen oan. "Dat is levensgevaarlijk", seit Benedictus, "de loshangende bomen hangen in ander bomen kunnen afbreken en het waait nog steeds."
Seachploegen binne drok dwaande. "En we inspecteren onze terreinen hoe snel we het stormhout kunnen opruimen. Dat is een gevaarlijke klus, want het hout staat onder spanning, dat moeten experts doen en die zijn allemaal al aan het werk."
Kom niet in de bossen en geef ons tijd om het op te ruimen. 
Dennis Benedictus fan Staatsbosbeheer
Hy tinkt dat it opromjen wol in wike as twa duorje kin. Guon paden slute se ôf mei linten. "Er zijn wel avonturiers in bos die de risico's niet kennen. Daarom zeggen we: kom niet in de bossen en geef ons tijd om het op te ruimen."
Der is al yn it foar warskôge om de bosken net yn te gean, mar net elkenien hat dat meikrigen. Benedictus kaam bygelyks in stel mei bern tsjin yn de bosk. Dy hat er warskôge.