Stoarm Eunice yn Fryslân yn byld

Hiel Fryslân wie freed dwaande mei stoarm Eunice dy't oer de provinsje raasde. Dat smiet neist skea en oerlêst ek bysûndere bylden op.
FIDEO: Fryslân en Eunice
Rûnom yn Fryslân wienen der meldingen fan skea; fan Ljouwert oant Sint-Anne en fan de seedyk by Hallum oant Flylân.
Op de rûnwei fan Snits blokkearret in omwaaide beam op it stuit noch de dyk. Ferkear tusken de krusing mei de Tingietersstraat en de Brédyk, en de krusing mei de State As en de Bolswarderbaan, moat omride. De dyk is yn beide rjochtingen ôfsletten.