Man (49) ferstoarn troch útslaande brân yn wenning yn Makkum
By in útslaande brân oan de Klipperstraat yn Makkum is yn de nacht fan freed op sneon in 49-jierrige man ferstoarn.
By de brân kaam ek in hûn om it libben. Doe't de brân ûntstie, soenen der gjin oare minsken yn it hûs west hawwe. De plysje docht ûndersyk nei de brân.