FryslânDOK: De leafde fan Lolle Rondaan en Riek Stork

De FryslânDOK 'Misschien zie 'k je nooit meer' fertelt it ferhaal fan fersetsman Lolle Rondaan en syn freondinne Riek Stork, oan de hân fan brief- en deiboekfragminten. Fan harren earste moeting oant de werbegraffenis fan Lolle op de Eerebegraafplaats Bloemendaal. De film is te sjen op 19 febrewaris by NPO2 en op 20 febrewaris by Omrop Fryslân.
"Och Jongen ik voel mij zoo ongelukkig. 't Is zoo erg dat je er niet meer bent. Misschien zie 'k je nooit meer. Wat moet ik dan doen? Dan is alles uit. Alles. We hadden het zoo prachtig samen." Dit skreau de 22-jierrige Riek Stork yn har deiboek op 3 desimber 1943. Flak dêrfoar wie har oansteande Lolle Rondaan oppakt. Op 16 febrewaris 1944 waard er deasketten. Riek kaam noait mear oer de klap hinne.
Riek Stork, freondinne fan Lolle Rondaan © Omrop Fryslân
Foar de oarloch wie Lolle mobilisearre yn Amsterdam. Dêr waard er opfongen troch de famylje Stork. Dochter Riek en Lolle waarden fereale op elkoar. Doe't yn it begjin fan de oarloch Lolle werom nei syn famylje yn Bitgum gie, begûnen se elkoar te skriuwen. Al dy brieven binne bewarre bleaun.
Brieffragmint Riek Stork © Omrop Fryslân
Lolle siet yn in fersetsgroep mei as thúsbasis buorkerij Liauckema State yn Seisbierrum. Op 25 septimber 1943 oerfoel de knokploech it gemeentehûs fan It Bilt yn Sint-Anne. Dêrby waard it befolkingsregister en in grut tal blanko persoansbewizen bútmakke.
Yn novimber 1943 waard de groep ferret en oppakt. Der wachte harren swiere mishanneling yn it beruchte Scholtenhuis yn Grins. Fiif leden fan de groep, wêrûnder Lolle, oerlibben de oarloch net.
Lolle Rondaan yn de finzenis fan Grins © Omrop Fryslân
Doe't Lolle oppakt waard, begûn Riek in deiboek by te hâlden. Neffens dochter Barbara Nijman is Lolle altyd Rieks grutte leafde bleaun. By histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert wurde net allinnich de argyfstikken oer de fersetsgroep fan Seisbierrum, mar ek de persoanlike dokuminten fan Lolle en Riek bewarre. Dêrmei waard it mooglik om in detaillearre rekonstruksje te meitsjen fan de perioade tusken de arrestaasje fan Lolle en syn dea.
Barbara Nijman, dochter fan Riek Stork © Omrop Fryslân
Yn de FryslânDOK 'Misschien zie 'k je nooit meer' stappe dokumintêremakkers Timo Brinkman en Janjelle Ringnalda yn de fuotspoaren fan Lolle Rondaan. Yn de film sitte fragminten fan flak nei de oarloch, doe't de slachtoffers fan de fusillades yn Bloemendaal werbegroeven waarden.
Der binne fragminten út in FryslânDOK út 1994 te sjen mei in ynterview mei de broers fan Lolle. De brieve- en deiboekfragminten fan Lolle en Riek wurde ynsprutsen troch Tryater-akteurs Romke Gabe Draaijer en Eline de Vries.
FryslânDOK 'Misschien zie 'k je nooit meer'
Sneon 19 febrewaris NPO2 15.30 oere (werhelling 20 febrewaris 13.10 oere)
Snein 20 febrewaris Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.