Liveblog | 19 febrewaris 2022

Coronanijs 19 febrewaris: Minder coronapasjinten yn Nederlânske sikehûzen

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • In part fan de oankundige ferrommingen fan de maatregels giet hjoed yn;
  • RIVM meldt freed 2.284 nije coronabesmettingen yn Fryslân;
  • De Gezondheidsraad advisearret in twadde boosterprik foar âlderein en risikogroepen;
  • Minister Kuipers fan Folkssûnens nimt dêroer takom wike in beslút.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 19 febrewaris 2022, 22:57
22:56

We binne der moarn wer

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
17:14

RIVM meldt 2.135 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2.135 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM.
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen yn Fryslân leit no op 2.896. Tongersdei lei it op 3.130 besmettingen, in wike lyn op 5.390.
© Lennard Geerts, Omrop Fryslân
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne 8 Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ooststellingwerf, Tytsjerksteradiel, De Fryske Marren (allegearre 1), Ljouwert (2), en Waadhoeke (3).

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 33.629. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 53.103.
14:28

Wer wat minder coronapasjinten: 1550 yn Nederlânske sikehûzen

It tal pasjinten dat mei COVID-19 yn it sikehûs leit, is sneon mei 34 ôfnaam yn ferliking mei in dei earder. Dat docht bliken út de lêste sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). Der lizze op it stuit noch 1550 coronapasjinten yn it sikehûs.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Der kamen 3 minsken by op de ic's: dêr giet it no om 182 pasjinten. Op de ferpleechôfdielingen lizze sneon 1368 coronapasjinten, 37 minder as freed.
Op de ferpleechôfdielingen kamen 190 nije coronapasjinten; op de ic's wiene dat der 21.
09:32

Gjin nije coronagefallen op Olympyske Spelen yn Peking

By de Winterspelen fan Peking binne de ôfrûne 24 oeren gjin nije coronagefallen fêststeld. Der waarden tests ôfnaam by persoanen dy't oankamen en by minsken dy't al op it evenemint yn Sina wiene.

Op tongersdei foel it ek ta mei de skea. Ien persoan, dy't oankaam op it fleanfjild fan Peking, hie in positive útslach. De ôfrûne dagen teste hieltyd noch in inkeling posityf, útsein op woansdei; doe wiene der ek gjin positive coronatests.
De dielnimmers yn de sletten 'superbubbel' moatte alle dagen in coronatest ûndergean, oant en mei snein. Dan einigje de 24e Winterspelen.
08:30

Wolkom

Wolkom by it liveblog fan sneon 18 febrewaris oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.