Goed 115 meldingen nei stoarm Eunice; omwaaide beammen en ôfwaaide platen

Omwaaide beammen, rûnfleanende dakpannen en ruten dy't stikken waaiden; Fryslân hie freed flinke stoarmskea. De brânwacht hie it drok mei 115 meldingen oant middernacht.
Skea oan appartemintekompleks oan de Hein Doekesstrjitte yn Snits © Noordernieuws
In sydgevel fan in flat oan de Hein Doekesstrjitte yn Snits waaide freedtejûn folslein stikken. De skea wie dêr sa grut dat de bewenners evakuearre wurde moasten.
"In part fan de bewenners moast derút en ûnderwilens krigen we ek in melding yn deselde wyk dat daklear fan in tal wenningen yn de Pieter Sikkesstrjitte losliet", seit Baukje de Wal fan de brânwacht. "Dy wenningen dêr ha we ek ûntromme. En dat daklear like wenningen oan de Liaukemastrjitte wer te bedriigjen en dy minsken moasten ek har hûs út."
Net ien rekke ferwûne. De brânwacht koe gjin heechwurker ynsette fanwegen de hurde wynstjitten.
Yn totaal binne 20 wenningen ûntromme. Diken waarden foar in part ôfset.
In de rin fan de nacht wie de stoarm útraasd. Dochs moatte minsken der ek sneon noch wol omtinke, seit De Wal. "Der kinne noch hieltyd flinke wynpûsters foarby komme." Ek moat der noch in soad opromme wurde, lykas beammen op diken.
Baukje de Wal, wurdfierder fan de brânwacht
De brânwacht hie it sa drok dat se net fuortendaliks op alle meldingen ôfgean koene. "Wat libbensbedriigjend wie, dêr binne we fuort op ôfgien, mar oare meldingen moasten wat langer wachtsje. Fansels besiket de brânwacht sa gau as mooglik te helpen."
De measte meldingen wienen yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Smellingerlân. Net ien rekke ferwûne.
Alle warskôgingen binne ûnderwilens ynlutsen. Dochs kamen ek yn de rin fan sneontemoarn noch wol stoarmskeameldingen binnen.
Heech wetter yn Harns © CAMJO Media
In kombinaasje fan stoarm Eunice mei heechtij soarge freedtejûn foar hege wetterstannen. Wetterskip Fryslân ferwachte tusken Surch en Swarte Haan in stân fan mear as 3 meter 40 boppe N.A.P. en sette dêrom dykbewaking yn.

"Bytsje aksje"

Twa auto's rieden freedtejûn hinne en wer lâns de dyk, op syk nei eventuele skea. Dykwacht Rients Jongema wie dêr ien fan. Hy hie der nocht oan. "Ik fyn it wol moai, in bytsje aksje en wat rûch waar." Al ridende dogge se de ynspeksje om te sjen oft der skea oan de dyk is. "Ik ferwachtsje gjin problemen. Mar as der in boat op de rin is en op de dyk klapt of hout, dan moat ik yn aksje komme." Neffens him is it in gewoane stoarm, hy makket him gjin soargen. "De dyk wurdt goed ûnderhâlden."
Mjitstasjons hâlden de hichte fan it wetterpeil yn de gaten.
Dykwacht Rients Jongema
Dykgraaf Luzette Kroon spruts de meiwurkers wat moed yn foar't se op 'en paad gienen. "Ik heb gezegd dat ze voorzichtig moeten zijn, maar de auto is solide. Ze rijden wel op de dijk waar de storm het heftigst is."
Dykgraaf Luzette Kroon
Fanwegen de stoarm