NS: Treinen ride snein wer neffens normale tsjinstregeling
De measte treinen ride snein wer neffens de normale tsjinstregeling. Dat meldt de NS. Reizgers moatte sneontejûn noch rekken hâlde mei fertraging.
Hast de hiele dei wie it treinferkear op de trajekten fan de NS sneon ûntregele troch de swiere stoarm fan freed. De treinen fan Arriva riden sneon al wol neffens de normale tsjinstregeling.