Undernimmerspriis nei Walrus

23 nov 2011 - 09:49

Bas Hollenberg fan de restaurantketen De Walrus yn Snits en Ljouwert hat de Jonge Ondernemersprijs van het Noorden 2011 wûn. Tiisdeitejûn waard yn Grins bekend makke hokker bedriuw de priis úteinlik mei nei hús nimme mocht. Neffens de sjuery wie it bedriuw benammen goed yn it ferkeapjen fan 'gebakken lucht'. Dêrmei wurdt de goeie sfear yn de restaurants bedoeld.

Trefwurden: 
De Walrus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)