Sneon yn Peking: massastart en bobslydzjen

It is sneon de lêste dei fan it olympyske reedrydtoernoai. Dêrop komme noch trije Friezen yn aksje op de massastart. Foar bobslider Dennis Veenker begjinne de Olympyske Spelen yn de nacht fan freed op sneon.
Jorrit Bergsma en Sven Kramer © ANP
De massastart begjint om 8.00 mei de heale finales. By de manlju komme twa Friezen yn de baan: feteranen Jorrit Bergsma en Sven Kramer moatte sjen gear te wurkjen. Bergsma hat in soad ûnderfining op de massastart. Kramer rydt ek geregeld maratons, dy't ferlykber binne mei de massastart, mar wat er op de Spelen kin is ôfwachtsjen.

Schouten favoryt, Groenewoud outsider

By de froulju stiet Irene Schouten as topfavorite oan de start. Sy is al jierren de bêste op de massastart. Fjouwer jier lyn pakte se brûns, dêr sil se dit jier net tefreden mei wêze. Schouten, dy't al twa kear goud wûn yn Peking, hat Marijke Groenewoud as 'knecht'. Tagelyk jildt Groenewoud ek as in outsider foar de titel: op in goeie dei hat sy de kwaliteiten om te winnen.
De finales op de massastart steane om 9.30 oere op it programma.
It reedriden is saterdei fan 8.00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio mei kommentaar fan sportferslachjouwer Andor Faber en analist Arjan Stroetinga.
Wylst foar de reedriders de Olympyske Spelen hast foarby binne, begjint it foar Dennis Veenker út Damwâld pas. Hy sit yn de fjouwermansbob fan piloat Ivo de Bruin. Yn de nacht fan freed op saterdei is de earste run om 2.30 oere. Fan 4.05 oere ôf komme de bobbers wer yn aksje.
De fjouwermansbob yn training © ANP
De prizen by it bobslydzjen wurde yn de nacht fan saterdei op snein ferdield. Dan binne de lêste twa runs.
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.