Kafeïne moat Dennis Veenker 'grouwe krêftseksploazje' bringe by olympysk debút

Mear as trije wiken sit bobslider Dennis Veenker al yn Peking en syn geduld wurdt hast beleane. Hy moat oant de lêste twa dagen wachtsje oant der yn aksje komme kin op de Olympyske Spelen.
Der is noch gjin sprake fan spanning by Dennis Veenker:
Dennis Veenker is ûnderdiel fan de Nederlânske fjouwermansbob, dêr't de kommende nacht de earste wedstriid fan pland stiet. Der is lykwols noch gjin sprake fan spanning. "Nee, net echt. Op de wedstriiddei fêst wol, mar der binne no noch safolle oare dingen dy't we dwaan moatte."

Trainingsruns

De Nederlânske ploech is drok mei it yn oarder meitsjen fan de slide. De ôfrûne dagen hawwe se de earste trainingsruns makke mei de fjouwermansbob.
Dêr wiene Veenker-en-dy wol oan ta, want de earste twa wiken yn Peking mochten se hast net op de baan komme. Doe koenen se hast allinnich mar krêfttraining dwaan.
De earste run meitsje Dennis Veenker-en-dy fannacht tusken healwei trijen en healwei fjouweren. De twadde run is tusken fjouwer oere en fiif oere. Fan sneon- op sneintenacht begjinne om healwei trijen de tredde runs. As de Nederlânske fjouwermansbob dêrnei by de beste tweintich heart, meitsje se fan tweintich oer fjouweren ôf de fjirde en lêste run.
It doel fan de fjouwermansbob is om by de top acht te einigjen. Op basis fan de trainings liket dat ûnmooglik, want dêryn einige de Nederlânske bob mei piloat Ivo de Bruin hieltyd yn de efterein.

Minder traind yn Peking

Neffens Veenker is dat wol logysk. Yn oktober wiene der testdagen, dêr't de Nederlânske bob net oan meidien hat. "Foar ús wie der net genôch budzjet. Woansdei wie de earste dei yn de fjouwermans", fertelt de 29-jierrige Damwâldster.
Dat is in grut ferskil mei de konkurrinsje, dy't yn oktober wol by de olympyske baan yn Peking wie. Veenker: "De measte lannen hawwe hjirhinne west en tusken de sechtich en tachtich runs makke."
De fjouwermansbob fan Nederlân yn aksje op de training © ANP
Dan nei oankommende nacht, om de klok fan healwei trijen hinne. De Nederlânske ploech mei Veenker stiet klear foar harren earste run op de Olympyske Spelen.

Kafeïne

Hoe stiet er der dan by? "Dan haw ik 750 miligram kafeïne yn my en fokusje ik my op de start. Ik sis it no wol sa maklik, mar ik ha it noch noait meimakke. Dus it sil wol oerweldigjend wurde, ek as we oer de finish komme."
Mar wêrom al dy kafeïne? "Dan bist flink skerper en witst dat dyn hiele lichem oan stiet. It heart derby. En mei in bytsje agresje yn de start, want ja it is in grouwe krêftseksploazje. We moatte alles jaan yn dy fiif sekonden."