Mulder nimt plak ûnder de latte by sc Hearrenfean oer fan Mous

Erwin Mulder krijt snein fan trainer Ole Tobiasen by sc Hearrenfean de foarkar ûnder de latte boppe Xavier Mous. Dat is freed meidield oan de spilersgroep.
Xavier Mous © Orange Pictures
Mous krige nei de winterstop fan Johnny Jansen de foarkar boppe Erwin Mulder. Mulder hie in skoftke blessearre west en Mous die it yn de tuskentiid prima as ferfanger. De lêste wiken gie it minder mei de Feansters en makke Mous in flater tsjin Twente.
Mulder stie foar it lêst op 26 septimber ûnder de latte. Dat wie yn de thúswedstriid tsjin FC Twente (2-3 ferlies).

Tobiasen ûntkent

Nettsjinsteande dat de spilers al bypraat binne oer de wiksel fan de earste keeper, ûntkent Tobiasen it. "Nee, wij hebben nog geen beslissingen genomen over hoe we zondag gaan starten. Het is afwachten met welke elf spelers we gaan beginnen. We moeten op alle posities keuzes maken."
Ole Tobiasen oer de mooglike wiksels yn syn ploech:
De seleksje fan Hearrenfean is fierder sa goed as fit foar it duel mei PSV. Syb van Ottele, Rami Kaib, Sven van Beek en oanfierder Tibor Halilovic keare tsjin PSV werom yn de wedstriidseleksje. "Ik ben heel blij dat ze terug zijn en we keuzes moeten maken", sa seit de Deenske coach.

Blessuere De Jong falt ta

Oft spilers fan it fjouwertal fuortendaliks wer yn de basis begjinne, wol Tobiasen noch net sizze. "Het is afwachten of ze daadwerkelijk kunnen beginnen aan de wedstrijd, maar het ziet er goed uit."
De blessuere fan Siem de Jong, dy't útfoel yn it duel mei NEC fan ferline wike, falt ta. Hy is snein ynsetber.
Ole Tobiasen oer it gebrek oan doelpunten de lêste wedstriden:
Tsjin PSV hopet sc Hearrenfean lang om let wer ris in doelpunt te meitsjen. De lêste kear dat de klup skoarde wie yn de Fryske derby, heal desimber. "We zijn er niet extra mee bezig", seit Tobiasen foar it treffen mei de Eindhovenaren.

Gjin grut tema

Ek is it net meitsjen fan doelpunten gjin grut tema yn de spilersgroep. "Zo komt het bij mij niet over. Tuurlijk speelt het mee dat we geen punten hebben gepakt en doelpunten hebben gemaakt."
Sc Hearrenfean spilet snein om 16.45 oere út tsjin PSV. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn it programma Snein yn Fryslân. It kommentaar út it Philips Stadion komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.
Mei Sydney van Hooijdonk en Amin Sarr helle Hearrenfean yn jannewaris noch twa nije oanfallers. Tobiasen tinkt dat it foar harren gjin grut ûnderwerp is dat Hearrenfean al twa moannen drûch stiet. "Zij zitten in een nieuw proces, dus het voelt voor hen niet zo. Ik hoop dat ze binnenkort doelpunten gaan maken", seit Tobiasen.