De toan fan Nelleke IJssennagger: "Skiednis"

""Geschiedenis moet weer een vak zijn voor alle leerlingen", sa begûnen Tom van der Geugten en Maria Gever harren stik yn de NRC oer it plak fan it ferline yn ús ûnderwiis. Der is genôch ynformaasje oer it ferline, mar dosinten moatte te folle yn te min tiid, is de konklúzje.
Dit is in logyske konklúzje, want skiednis is by útstek dat wat oer in hiele lange tiid giet. As je it besykje gear te fetsjen yn in koart ferhaal of sels in tal koarte ferhalen, dan falt der altyd in soad fuort.
Je meitsje karren oer wat je wol fertelle en wat net. Dat is by skiednislessen sa, yn lesboeken sa, yn útstallingen sa, yn histoaryske kanons sa en yn telefyzjeprogramma's sa. En de karren dy't dêryn makke wurde, wurde dan wer ynjûn troch de tiid wêryn't wy libje en de kennis fan no.
Van der Geugten en Gever sketse in skiednis fan it skiednisûnderwiis. Fan skiednisles de hiele skoaltiid troch oant de ein fan de jierren 60, oant it oergean nei skiednis as karfak yn 'e twadde helte fan it fuortset ûnderwiis no. Fan frije ynfolling fan heitelânske en westerske skiednis troch de dosinten, binne wy oerstapt op in fêst kurrikulum mei omtinken foar histoaryske feardichheden. Hjirby learst net de hiele skiednis út 'e holle, mar nei it ferline te sjen, te befreegjen en út ferskillende stânpunten wei te ûndersykjen troch in tal kasussen.
Hoewol't elk it belang fan skiednisûnderwiis liket te ûnderskriuwen, is benammen de wize wêrop't dit ûnderwiis jûn wurde moat en hokker ynfalshoeken oft dêrby keazen wurde moatte, ûnderwerp fan debat.
Myn kollega Hans Mol, professor yn de Midsiuwske Skiednis, skreau in opinystik yn de Volkskrant oer it belang fan kennis fan it Nederlânske en regionale ferline yn de midsiuwen, en it gefaar dat dy kennis ferdwynt tusken globale perspektiven. Tsjinreaksjes, lykas dy fan professor Serena Ferente, wize benammen op it belang fan net-Nederlânske en globale perspektiven op it ferline fan Nederlân.
Binne dizze perspektiven tsjinstridich? Lykas in soad oaren tink ik fan net. Beide binne wichtich. Kinst sawol it belang fan it begripen fan in regionale kontekst as dat fan in ynternasjonale kontekst foarstean. It hoecht net of óf, mar kin en én, wêrby't de dialooch tusken de perspektiven fan belang is.
By de Fryske Akademy bestudearje wy de Fryske kasus sawol op basis fan detaillearre kennis fan it Fryske as út it begryp fan ynternasjonale ûntwikkelings en de wikselwurking tusken beide. Dat is wat my oanbelanget krekt dêr't Van der Geugten en Gever foar pleitsje by skiednisûnderwiis: multyperspektiviteit.
Wat by ús Akademy-midsiuwen-ûndersyk minder op de foargrûn treedt, is it nasjonale perspektyf. Foar de midsiuwen is de hjoeddeistige bestjoerlike ienheid Nederlân simpelwei net sa relevant.
Dochs is it Nederlânske ramt wol faak it útgongspunt by skiednis, bygelyks yn de nije en populêre NTR-searje Het Verhaal van Nederland. De searje sit goed yn elkoar en der stiet in noflike ferteller foar as skiednisdosint. Koartsein: it kin miskien de skiednisles foar elkenien wêze dêr't de NRC-auteurs sa om sykje. Want hoewol't hjir ek karren makke wurde yn tema's, tiidrekken en ynfalshoeken, is it yn alle gefallen in yngong ta sawol kennis fan de skiednis as it learen sjen nei it ferline dy't past by dizze tiid.
De episoade oer Friezen en Franken biedt ien fan de meast nuansearre sjochwizen op Bonifatius dy't ik oant no ta op telefyzje sjoen haw. Jout it genôch multyperspektiviteit? Dat is de iennichste fraach dy't ik my stel.
Folgjende kear soe ik it perspektyf wolris omdraaie wolle as it giet oer Friezen en Franken, sadat it Fryske út de Noardseewrâld wei sintraal stiet, de taal oan bar komt en wy ek ris sjogge út de buorlju lâns de kust wei. Dêr is miskien gjin tiid foar yn alle skiednislessen of yn in tv-programma, mar foar wa't mear tiid hat, biedt it wurk fan myn kollega's hjir moaie kasussen foar. Sa kinne wy ek út dy ferskillende perspektiven en dissiplines wei it ferline befreegje, mei de kennis fan no."