Brân yn pleats Tsjummearum ûnder kontrôle, protte skea

Yn Tsjummearum hat freed in pleats yn 'e brân stien. Neffens de brânwacht hat it gebou in protte skea, mar is it wenpart behâlden bleaun.
"De brân ûntwikkele him hiel rap":
De brânwacht wie manmachtich teplak oan de Swaerderwei. Der wienen fjouwer brânwachtauto's en twa heechwurkers. Dy besochten om it wenhûs by de pleats te behâlden. In part fan de pleats stoarte yn. In kraan sil it achterein fan it gebou út elkoar helje, om de brân better bestride te kinnen.
De reekwolken wienen fan grutte ôfstân te sjen, der wie in NL-Alert útjûn. "Bliuw út de reek, slút ramen en doarren en doch de fentilaasje út", sei Baukje de Wal fan de brânwacht. It NL-Alert waard letter op de middei ynlutsen.
De situaasje yn Tsjummearum © CAMJO media
De pleats stiet yn in wenwyk. "De reek giet oer in part fan Tsjummearum hinne", sei De Wal earder op de dei. Minsken moasten út de buert fan de brân bliuwe.
Njonken de brânwacht wie ek de ambulânse teplak. Ut foarsoarch foar de bisten wie der ek in biste-ambulânse. De bewenners en de bisten wurde op in oar plak opfongen.