Jopie Huisman syn 'katedraal' yn Warkum is wer iepen foar publyk

It Jopie Huisman Museum yn Warkum giet freed wer iepen foar it publyk. It is de ôfrûne wiken ferboud. De sealen binne dêrby opnij ynrjochte.
Jopie Huisman Museum wer iepen:
De ruten fan de skodoarren binne noch smoarch. Skjinmeitsje mei noch net want de rânen binne krekt kit. Yn de winkel binne de frijwilligers drok dwaande de foarrieden oan te foljen en efkes fierderop moat de houten flier noch poetst wurde. It binne de lêste putsjes dy't noch dien wurde moatte foar't it freed wer iepen kin.

Museum as katedraal

Der is hurd wurke om it oarspronklike idee fan it museum wer goed nei foaren te bringen, seit direkteur Peter Miedema. "Jopie wilde een kathedraal voor zijn kunst. Dat aspect komt is na deze verbouwing nog beter zichtbaar."
De arsjitekten ha by it ûntwerp fan it gebou dêr al rekken mei hâlden. Sa binne der sydbeuken en hingje ûnder it plafond bogen fan cortenstiel. "Dat verwijst naar Jopie zijn verleden als oud-ijzerhandelaar en dat gevoel van die kerk wilden we eigenlijk weer terug halen in de verbouwing die we nu achter de rug hebben."
It Jopie Huisman Museum yn Warkum © Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
De ferskillende sealen binne ek oanpakt. Der wurdt no wurke mei de tema's út Jopie Huisman syn wurk. Miedema: "Natuur, mededogen en duurzaamheid. Hij hield van de natuur. Was daar heel filosofisch over."
Huisman wie ek sljocht op ôftanke spullen. "Die schilderde hij prachtig. Hij kon iets simpels eeuwigheidswaarde geven", seit Miedema. Mar ek by de portretten. "Ja, bij mededogen zie je dat hij hield van mensen. Hij gaf ze de eer die ze verdienden. Hij zag ze en dat hopen we nu ook beter te kunnen laten zien."
It Jopie Huisman Museum © Omrop Fryslan, Hayo Bootsma
De ferbouwing wie net om 'e nocht. Mei help fan de freonen, de gemeente Súdwest-Fryslân, in Jopie samler en ferskate fûnsen is it jild byinoar brocht. It giet om sa'n 4 ton. Miedema: "Ik ben daar echt dankbaar voor. We krijgen verder geen steun dus moeten zelf op zoek."