Wyksifers: ôfrûne wike 23.575 coronabesmettingen yn Fryslân
It RIVM hat de ôfrûne sân dagen 23.575 positive coronatests registrearre by Friezen. Dat is in flinke ôfnimming ferlike mei in wike earder (31.681). Dit hat foar in part te krijen mei de ynhelslach by it RIVM dy't ôfrûne wike trochfierd waard.
Yn trochsneed waarden yn de ôfrûne wike alle dagen 3.368 besmettingen meld. Ferline wike wie dat trochsneed 4.526, noch in wike earder 2.065.
De measte besmettingen binne de ôfrûne sân dagen fêststeld yn de gemeente Ljouwert: 4.238. Dêrnei wienen de measte positive tests fan ynwenners fan Súdwest-Fryslân (2.582) en Smellingerlân (2.408).
Relatyf de measte besmettingen yn Achtkarspelen
It tal besmettingen is relatyf it heechst yn Achtkarspelen. Foar alle 100.000 ynwenners binne dêr dizze wike 5.154 besmettingen fêststeld. Dêrnei komme Smellingerlân (4.289), Eaststellingwerf (4.244) en Noardeast-Fryslân (4.115) mei yn ferhâlding de measte positive tests.
Trije stjergefallen
Yn de ôfrûne wike binne trije Friezen ferstoarn oan it coronafirus. Der binne 51 Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat binne 13 as in wike earder, doe gong it om 38 opnamen.
Sûnt mids jannewaris brûkt it RIVM net mear de gegevens fan de GGD'en foar de sikehûssifers, mar de gegevens fan stichting NICE (Nationale Intensive Care Evaluatie). Dy sifers binne krekter.
Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike ûnder ynwenners fan Fryslân (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Mei de 23.575 positive tests fan de ôfrûne wike is no yn totaal 191.952 kear it coronafirus fêststeld yn Fryslân.
It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit op 592. It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elts stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.
Faksinaasjegraad 81 persint
De faksinaasjegraad yn Fryslân leit ûnder it lanlik trochsneed. Fan alle Friezen fan tolve jier en âlder is 81 persint folslein faksinearre (mei of sûnder boosterprik). Lanlik leit it op 84,8 persint.
De gemeenten mei de leechste faksinaasjegraad ûnder tolveplussers binne Dantumadiel (74 prosint), Achtkarspelen (75 prosint) en Noardeast-Fryslân (78 prosint).
Tal besmettingen en stjergefallen de wike
Wike | Besmettingen | Stjergefallen |
11 febrewaris - 17 febrewaris | 23.575 | 3 |
4 febrewaris - 10 febrewaris | 31.681 | 0 |
28 jannewaris - 3 febrewaris | 14.458 | 2 |
21 jannewaris - 27 jannewaris | 9.473 | 1 |
14 jannewaris - 20 jannewaris | 5.846 | 1 |
7 jannewaris - 13 jannewaris | 6.206 | 3 |
31 desimber - 6 jannewaris | 3.577 | 4 |
24 desimber - 30 desimber | 3.095 | 6 |
17 desimber - 23 desimber | 4.140 | 19 |
10 desimber - 16 desimber | 4.530 | 23 |
3 desimber - 9 desimber | 5.524 | 9 |
26 novimber - 2 desimber | 5.927 | 8 |
19 novimber - 25 novimber | 6.295 | 8 |
12 novimber - 18 novimber | 4.432 | 6 |
6 novimber - 11 novimber | 3.565 | 2 |
30 oktober - 5 novimber | 1.950 | 3 |
22 oktober - 29 oktober | 1.603 | 3 |
15 oktober - 21 oktober | 1.119 | 2 |
8 oktober - 14 oktober | 779 | 1 |
1 oktober - 7 oktober | 502 | 0 |
24 septimber - 30 septimber | 530 | 0 |
17 septimber - 23 septimber | 598 | 0 |
10 septimber - 16 septimber | 876 | 1 |
3 septimber - 9 septimber | 988 | 1 |
27 augustus - 2 septimber | 755 | 0 |
20 augustus - 26 augustus | 737 | 0 |
13 augustus - 19 augustus | 547 | 1 |
6 augustus - 12 augustus | 535 | 2 |
30 july - 5 augustus | 589 | 2 |
23 july - 29 july | 838 | 1 |
16 july - 22 july | 1.471 | 1 |
9 july - 15 july | 1.474 | 1 |
2 july - 8 july | 232 | 0 |
25 juny - 1 july | 69 | 1 |
18 juny - 24 juny | 89 | 0 |
11 juny - 17 juny | 136 | 1 |
4 juny - 10 juny | 267 | 1 |
28 maaie - 3 juny | 540 | 0 |
21 maaie - 27 maaie | 674 | 2 |
14 maaie - 20 maaie | 927 | 3 |
7 maaie - 13 maaie | 1.129 | 3 |
30 april - 6 maaie | 1.177 | 4 |
23 april - 29 april | 1.358 | 4 |
16 april - 22 april | 1.505 | 1 |
9 april - 15 april | 1.470 | 6 |
2 april - 8 april | 1.533 | 4 |
26 maart - 1 april | 1.651 | 7 |
19 maart - 25 maart | 1.666 | 10 |
12 maart - 18 maart | 1.611 | 10 |
5 maart - 11 maart | 1.180 | 16 |
26 febrewaris - 4 maart | 1.162 | 19 |
19 febrewaris - 25 febrewaris | 1.350 | 21 |
12 febrewaris - 18 febrewaris | 1.129 | 39 |
5 febrewaris - 11 febrewaris | 1.207 | 41 |
29 jannewaris - 4 febrewaris | 1.181 | 30 |
22 jannewaris - 28 jannewaris | 1.310 | 29 |
15 jannewaris - 21 jannewaris | 1.592 | 20 |
8 jannewaris - 14 jannewaris | 1.529 | 18 |
1 jannewaris - 7 jannewaris | 1.697 | 17 |