Frachtwein stiet troch ûngeunstich waar dei yn de berm tusken Eastersee en Sint-Nyk

De A6 tusken Eastersee en Sint-Nyk is tongersdeitejûn in skoft ticht om't in fan de dyk rekke frachtwein burgen wurde moat.
De frachtwein yn de berm © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
De frachtwein rekke yn de nacht fan woansdei op tongersdei al fan de dyk, mar troch de ûngeunstige waarsomstannichheden koe de wein der doe net weihelle wurde. It waar is op dit stuit better en dêrom wurdt de frachtwein der no weihelle.
De A6 is ticht tusken Eastersee en Sint-Nyk. Ferkear rjochting Snits kin omride fia de buorden U98 en minsken dy't nei It Hearrenfean moatte, kinne U36 folgje.