Kuipers set doar op in kier foar bernehertsintrum Grins

Der is in lytse kâns dat it bernehertsintrum yn Grins iepenbliuwe mei. By in debat yn de Twadde Keamer tongersdei sei minister fan Folkssûnens Ernst Kuipers dat njonken Rotterdam en Utert mooglik noch in tredde lokaasje iepenbliuwe kin.
Minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens © ANP
Om de kwaliteit fan de soarch heech te hâlden, is it neffens Kuipers nedich dat it tal lokaasjes dêr't komplisearre hertoperaasjes by bern útfierd wurde, werombrocht wurdt fan fiif nei twa. Kuipers syn foargonger Hugo de Jonge hie dêrom besletten om allinnich de lokaasjes yn Rotterdam en Utert iepen te hâlden. It soe betsjutte dat de sintra fan Grins, Maastricht en Leiden ferdwine.

Unrêst

Oer dat beslút ûntstie ûnrêst. Alders en pasjinten út it Noarden soenen yn de takomst lange ôfstannen ôflizze moatte om de goede soarch te krijen. In petysje om it bernehertsintrum yn Grins iepen te hâlden waard mear as 250.000 kear ûndertekene.
Ek út de Twadde Keamer wei kamen in soad krityske lûden. Yn it debat dat tongersdei holden waard, liet Kuipers witte it beslút noch wolris tsjin it ljocht hâlde te wollen as dêr "goede inhoudelijke redenen voor zijn".

Dochs trije lokaasjes?

Kuipers ûnderstreke dat it gjin doel op himsels is om mar twa lokaasjes iepen te hâlden. Hy tinkt wol dat by twa lokaasjes de kwaliteit fan de soarch it meast garandearre is. Dochs wol hy in tredde lokaasje net útslute. Dêrmei stiet de doar foar Grins, Leiden en Maastricht wer op in kier.
De Nederlandse Zorgautoriteit (NZa) sil no ûndersykje wat de gefolgen binne as sokke spesjalistyske bernehertoperaasjes allinnich yn Utert en Rotterdam útfierd wurde kinne. It ûndersyk moat foar de simmer klear wêze.