Freed koade oranje fanwegen stoarm Eunice, gjin treinen fan 14.00 oere ôf

Dudley is noch mar krekt it lân út, mar der komt opnij in stoarm oan: Eunice. En dy driget noch steviger te wurden as de wyn fan de ôfrûne dagen. It KNMI jout koade oranje ôf.
Der farre ek folle minder boaten fan en nei de eilannen © CAMJO media
Der kinne wynstjitten komme fan 120 oant en mei 130 kilometer yn de oere, yn it Waadgebiet mooglik noch hurder. Koade oranje jildt yn Fryslân freed fan 16.00 oere ôf. De hurde wyn begjint al earder, dêrom jildt earst noch koade giel.

Treinferkear en feartsjinsten

Skoallen en skoalkoepels oer de hiele provinsje hawwe oankundige freed earder te sluten. Sa slute skoallen fan CVO Noard-Fryslân de doarren om 13.00 oere, en skoallen fan OSG Piter Jelles geane al om 12.00 oere ticht. Ek hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert lit witte dat alle lessen op alle lokaasjes fan 12.15 oere net trochgean. It betsjut yn in soad gefallen ek dat toetsen en herkânsingen ferpleatst wurde.
De NS lit freedtemoarn minder treinen ride en fan 14.00 oere ôf leit it treinferkear hielendal stil. Ek de treinen fan Arriva ride fan dat momint ôf net.
Rederij Doeksen fart tongersdei en freed mei minder boaten nei Flylân en Skylge. Freed ferfallede de fear- en sneltsjinsten sels nei 16.00 oere. Fan 14.00 ôf sil ek rederij Wagenborg net farre nei It Amelân en Skiermûntseach.
De stoarm kin soargje foar omfallende beammen en losse takken en foar gefaarlike situaasjes foar ferkear en wettersport.

Hege wetterstân

Freedtejûn wurde der hege wetterstannen ferwachte troch in kombinaasje fan de stoarm en it tij. Rykswettersteat ferwachtet freedtejûn om 23.00 oere hinne in wetterstân fan 3,30 meter boppe NAP. By Amelân, Skiermûntseach en Lauwerseach giet it om 2,70 meter en by Skylge om 2,35 meter boppe NAP.
As de wetterstân boppen de 3 meter komt, sil Rykswettersteat dykwacht ynstelle. Dêr nimme se freedtemoarn in beslút oer.

Oerlêst Dudley

Dudley soarge woansdeitejûn en tongersdeitemoarn foar skea op tsientallen plakken yn Fryslân. Yn de measte gefallen gong dat om beammen dy't omfoelen, mar hjir en dêr wienen ek ferkearsûngelokken en by Aldehaske foelen heechspanningskabels op de dyk.