Fûgelbeskerming sleept ministearje foar rjochter om spjirringfiskerij

Fûgelbeskerming Nederlân wol dat de rjochter it fiskjen op spjirring by de spuislûzen fan Koarnwertersân en Den Oever fuortendaliks ferbiedt. Fûgels ha yn it beskerme natuergebiet Waadsee de spjirring nedich as fretten, seit de natuerorganisaasje.
In spjirring © Shutterstock.com (Ajstudio Photography)
De fûgelbeskerming sleept dêrom it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV) foar de rjochter. It ministearje joech begjin dit jier fergunningen ôf foar de spjirringfiskerij op acht lokaasjes yn de Waadsee.
"Onbegrijpelijk", seit in wurdfierder fan de fûgelbeskerming, dy't earder al eksperts yn de earm naam en neitinke soe oer juridyske stappen. "Want tegelijkertijd worden er maatregelen getroffen zodat de visjes makkelijker heen en weer kunnen zwemmen door de spuisluizen."
De spuislûzen by Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ek Rykswettersteat en de provinsje Fryslân binne net bliid mei de fergunningen.

Stirns en grutte seachbek ha spjirring nedich

De spjirring hat swiet wetter nedich om te paaien. It is dus wichtich foar de fisksoart, dêr't it net sa goed mei giet, om hinne en wer swimme te kinnen troch de spuislûzen. It is ek wichtich foar fûgelsoarten lykas de stirns en de grutte seachbek dat der foldwaande spjirring is. De fûgels lije ûnder de efterútgong fan de spjirring.
De fergunningen foar spjirringfiskerij binne ôfjûn foar fiif jier. Fûgelbeskerming is benaud dat de spjirringstân en dus ek fûgelsoarten dat net oerlibje. Neffens de Fûgelbeskerming binne de fergunnings ûnrjochtmjittich ferliend. De foarsjenningerjochter yn Utrecht bûcht him freedtemiddei oer de saak.