Noarden freget Ryk om tsientallen miljoenen foar stikstofoanpak

Fryslân hat mei Grinslân en Drinte in oanfraach dien by it Ryk foar miljoenen om de stikstofútstjit te ferminderjen. As boeren bygelyks jild krije foar it yn de greide rinnen fan de kij, kin dat mei de oare maatregels oprinne ta 30 prosint minder stikstofútstjit.
Kij yn 'e greide by Eazumasyl © ANP
De noardlike provinsjes komme yn gearwurking mei de lânbousektor mei praktyske oplossings om de útstjit fan stikstof mei 30 prosint te ferminderjen. Yn in brief oan de minister fan Lânbou wize se derop dat de fergunningferliening yn Nederlân op slot sit troch it stikstofprobleem.
Sa dogge se it oanbod om mei de oplossings foar in trochbraak te soargjen. Yn ruil dêrfoar freegje se miljoenen fan it Ryk.
© Omrop Fryslân
It giet om in oanfraach foar in bydrage fan 20 oant 40 miljoen. Sawat in fjirde fan de Nederlânske melkfeesektor wurket yn de trije noardlike provinsjes. Dizze boerebedriuwen binne foar it grutste part sa't dat hjit 'grûnbûn'. Dat betsjut dat se dong fan de kij op eigen grûn útride kinne. Dêrom sjogge de provinsjes goede mooglikheden foar yn ferhâlding ienfâldige maatregels.

Ammoniak

Dan giet it konkreet om maatregels foar in legere ammoniakútstjit dy't gjin grutte gefolgen hawwe foar it buorkjen fan de boeren sa't se it no dogge. Dat kin bygelyks troch kij yn de greide te weidzjen.
Kij yn in lisboksstâl soargje foar in hegere ammoniakútstjit as kij yn de greide. Yn de stâl komme stront en de mige fan de kij trochinoar. Troch dy ferminging ûntstean gemyske prosessen en in hege ammoniakútstjit.
Klaas Fokkinga © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Deputearre Klaas Fokkinga neamt, njonken it yn de greide rinne litten fan de kij, ek noch oare mooglikheden op foar stikstoffermindering:
"Ik tink dan oan de flier dêr't de kij op rinne spiele mei wetter, dong fertinje foar it útriden of additiven by it feefoer of de dong dwaan." Fierders kin it aaiwytgehalte yn it feefoer ek leger, neffens Fokkinga.
De oanpaste wurkwize kostet de boeren jild. De bedoeling is dat se dêrfoar subsydzje oanfreegje kinne. Fokkinga: "Yn it earste jier 75% en de jierren dêrnei giet de subsydzje werom nei 50 of 40%."
Stikstofoksiden en ammoniak binne skealik foar de natuer as der tefolle fan yn de lucht, boaiem of wetter telâne komt. Planten as toarnbeien, brannettels en gers groeie der hurder troch en oerwoekerje oare planten. Dêrtroch ferdwine ek ynsekten, flinters en fûgels. Stikstofdiokside is boppedat net sûn foar minsken.
Boarne: Milieucentraal.nl
De provinsjes ferwachtsje dat fan de 4500 boeren yn Noard-Nederlân 3375 meidwaan kinne oan de regeling. Sy kinne dan 20 oant 30 prosint minder ammoniak útstjitte.

Net ferplichte

De boeren hawwe meidien oan it opstellen fan dizze plannen foar stikstoffermindering. Se hawwe sels as betingst steld dat dielname oan de regeling net ferplichte wêze moat. Fierders moatte alle boeren yn Noard-Nederlân meidwaan kinne oan de regeling en moat der genôch jild wêze as tefolle boeren harren oanmelde.

'Utkeapjen is folle djoerder'

It Ryksbelied fan útkeapjen fan boerebedriuwen is mislearre, fine de provinsjes. De foarstellen dêr't sy no mei komme, binne tsien kear sa foardielich as útkeapjen.
De Noardlike provinsjes fertrouwe derop dat it kabinet wol iepen stiet foar dit oanbod. Yn de begrutting 2022 en 2023 fan it kabinet stiet jild foar de oanpak fan de problematyk mei stikstof. De provinsjes hoopje dat lânbouminister Staghouwer dat jild frijmeitsje wol om de boeren te helpen.
Deputearre Klaas Fokkinga oer wêrom't it Noarden hjirmei komt