Olympyske karriêre Wüst klear: "Over vier jaar ga ik lekker aanmoedigen"

Se hie graach har lêste olympyske rit nochris ride wollen. De 1.000 meter fan Ireen Wüst rûn net nei tefredenheid. "Vooral de eerste vijftig meter zat vol met missers."
Ireen Wüst nei har lêste olympyske meters © Orange Pictures
Wüst einige as sechsde en seach de medaljes gean nei Miho Takagi, Jutta Leerdam en Brittany Bowe. In jongere Wüst soe miskien mear baald ha, de 35-jierrige Wüst fynt it ek moai foar har tsjinstanners. "Miho reed een fantastische rit, ze is de terechte kampioen. Jutta was ook heel goed en Brittany gun ik het ontzettend."
De tiden fan Takagi en Leerdam wienen hiel skerp, mar Wüst hie de tiid fan Bowe (1.14,61) ek ride kind, tinkt se. "Maar op de 1.000 meter mag je geen foutjes maken. Dat deed ik in de eerste vijftig meter wel, dus dan weet je al dat het niet genoeg gaat zijn."
Ireen Wüst op de 1.000 meter © Orange Pictures
It wie mear fjochtsjen as riden, fynt de Brabânske Friezinne. "Bij de start viel ik al voorover. Ik wist dat m'n tegenstander heel snel weg zou zijn, en ik wilde té graag mee. Dan wordt het een beetje de oude Wüst die alleen maar achter de feiten aan loopt."
Antoinette de Jong behelle in knap fiifde plak op de 1.000 meter. Oan it begjin fan de Spelen helle De Jong noch net har nivo, mar no is se wol tefreden. "Ik wie agressyf, ik siet der goed yn. Ik waard fan 'e moarn wekker en ik tocht: dit wurdt alles of neat, want ik ha neat te ferliezen. Ik woe dizze Spelen goed ôfslute en dat is slagge."
Nei har lêste olympyske race gong Wüst fuort by de medaljewinners del. "Ik heb zo vaak tegen Miho gereden, we hebben veel mooie races uitgevochten. Ik heb heel veel respect voor haar, ze zette nu ook een waanzinnige race neer. Dat vind ik mooi. Ik houd van de schaatssport en dan vind ik dit fantastisch."
En se is like bliid mei it sulver foar Leerdam en it brûns foar Bowe. "Brittany en ik zijn vrienden. En Jutta zal teleurgesteld zijn, maar ze moet hartstikke trots op zichzelf zijn."

Oer fjouwer jier oanmoedigje

Wüst beëniget har olympyske karriêre mei seis gouden medaljes, fiif kear sulver en twa kear brûns.
It besef dat dit har lêste olympyske optreden wie, is der flak nei de race noch net. Se is net benaud foar melangoly. "Het is echt mooi geweest nu, na zestien jaar. Over vier jaar ga ik iedereen lekker aanmoedigen."