Antoinette de Jong fiifde op 1.000 meter, Wüst sechsde

Antoinette de Jong is op de 1.000 meter fiifde wurden. Se kaam 0,31 sekonde tekoart foar it brûns. De titel wie foar de oppermachtige Miho Takagi.
Antoinette de Jong © ANP
De Jong ried al yn de tredde rit. Op de earste wiksel koe se nei har direkte tsjinstanner, Mihaela Hogas, ta ride. It ferfal yn it lêste rûntsje wie mar 1,32 sekonde en se notearre mei ôfstân de rapste tiid: 1.14,92. Wat dat doe wurdich wie, wie ôfwachtsjen.

Lêste olympyske optreden Wüst

Ireen Wüst kaam pas nei de dweil yn aksje. Yn har lêste olympyske optreden ea ried se fertsjinstlik, mar mei har tiid fan 1.15,11 kaam se ek tekoart foar in poadiumplak.
Ireen Wüst har lêste olympyske meters © ANP
De tiden fan De Jong en Wüst waarden ferbettere troch de tredde Nederlânske rider, Jutta Leerdam. Dy wie mei 1.13,83 mear as in sekonde rapper as de twa Fryske outsiders.

Goud foar Miho Takagi

Leerdam seach dêrnei dat de Japanske topfavorite Miho Takagi noch wer rapper wie. Takagi hie al trije kear sulver pakt yn Peking, mar ried mei 1.13,19 no yn in olympysk rekôr nei it goud. Yn de slotrit lei de Amerikaanse Brittany Bowe beslach op it brûns.
Yn de kantline fan it sprintgeweld ried Ellia Smeding út Harns nei 1.17,17. Se komt út foar it Feriene Keninkryk. Mei har tiid waard se 23e.

Utslach 1.000 meter froulju

1. Miho Takagi (JAP) 1.13,19 (OR)
2. Jutta Leerdam (NED) 1.13,83
3. Brittany Bowe (FS) 1.14,61
4. Angelina Golikova (RUS) 1.14,71
5. Antoinette de Jong (NED) 1.14,92
6. Ireen Wüst (NED) 1.15,11
23. Ellia Smeding (FK) 1.17,17
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.