Liveblog | 17 febrewaris 2022

Coronanijs 17 febrewaris: Húsdokters yn de knipe troch syktefersom

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • RIVM meldt tongersdei 3.100 nije coronabesmettingen yn Fryslân;
  • Der lizze op it stuit 31 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen;
  • Stichting tsjin frijheidsbeheinende maatregels yn de soarch wurdt opheft;
  • De Nederlânske sikehuzen hâlde coronamaatregels foarearst oan.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 17 febrewaris 2022, 22:59
22:58

Wy waaie ús bêd yn

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
22:56
21:22

Gezondheidsraad komt mei advys oer twadde booster

De Gezondheidsraad publisearret freed in advys oer in mooglike twadde boosterprik tsjin it coronafirus. Minister Ernst Kuipers (Folkssûnens) hie ein jannewaris om dat advys frege.
Kuipers wol fan de Gezondheidsraad hearre oft it nedich is om 'yn de kommende moannen' in nije boosterkampanje út te fieren, en oft it helpt by it behearskjen fan de pandemy. Hy wol bygelyks witte oft alle folwoeksenen dan in boosterprik oanbean krije moatte soene of allinnich minsken út risikogroepen. Ek freget de minister hokker faksins brûkt wurde moatte soene en hoefolle tiid der tusken de twadde booster en de lêste prik sitte moatte soe.
Kuipers' foargonger, Hugo de Jonge, hold earder rekken mei op syn minst noch trije boosterrondes. De earste dêrfan soe yn it twadde fearnsjier fan dit jier wêze, dus yn april, maaie of juny. Yn it neijier soe in nije ronde folgje, en takom jier soe der noch in kampanje wêze kinne.
20:28

Teststrjitten ticht troch stoarm

In soad teststrjitten en faksinaasjelokaasjes sille de kommende dagen ticht wêze fanwegen de stoarm Eunice. Dy lûkt fan freedtemiddei oant sneontemoarn oer Nederlân. Oan de kust wurde wynstjitten oant 130 kilometer yn de oere ferwachte. It KNMI warskôget dêrfoar en hat koade oranje ôfjûn. Meardere lokaasjes wienen al ticht fanwegen de stoarm Dudley tongersdei.
17:35

Nederlân grutte brânkearn op coronakaart ECDC

Yn grutte dielen fan Europa is in delgong fan it tal coronagefallen te sjen, mar Nederlân is ien fan de grutste brânkearnen op de kaart fan sûnenstsjinst ECDC.

De kaart fan ECDC hat fjouwer kleuren: grien, oranje, read en donkerread. Likernôch hiel Europa stiet al wiken op donkerread, it heechste warskôgingsnivo. Yn 144 fan de 216 regio's wurdt it tal besmettingen lykwols minder. Yn 72 gebieten nimt it tal positive tests noch hieltyd ta.

Nederlân is foar de fjirtjinde kear donkerread en hat sadwaande noch hieltyd it heechste warskôgingsnivo. Oerisel is nei ferhâlding de provinsje mei de measte positive tests yn Nederlân. Yn de ôfrûne twa wiken wiene der 9450 positive tests de 100.000 ynwenners. Dizze provinsje stiet dêrmei fjirde op de Europeeske ranglist fan plakken mei de measte coronabesmettingen. Fryslân stiet op it tsiende plak.

Efterstân fuortwurke

It RIVM hat ferline wike de grutte efterstân fan it tal positive coronatests fuortwurke. Dizze sifers binne earder net meinaam op de kaart fan it ECDC; dêrom is it tal positive testen no sa heech, lit it RIVM witte.
16:52

Húsdokters yn de knipe troch syktefersom

Troch it hege tal coronabesmettingen komme hieltyd mear húsdokters yn de knipe. Neffens de Landelijke Huisartsen Vereniging (LHV) sit yntusken 26 persint fan it personiel fan de húsdokterpraktiken thús. "Dat trekt een zware wissel op de huisartsenzorg", seit de LHV.

Troch it syktefersom moat in diel fan de soarch útsteld wurde. Yn guon situaasjes ha húsdokters allinne noch romte foar driuwende gefallen." Het is nu roeien met de riemen die we hebben", seit LHV-voorzitter Mirjam van 't Veld.

By njoggen fan de tsien praktiken is der útfal fan personiel troch sykte en karantêne. De praktiken moatte dêrom "noodgedwongen creatief zijn" mei roasters. It personiel moat regelmjittich oerwurkje en de húsdokterpraktiken binne minder goed berikber.

Maatregels

De LHV fynt dat it wichtich is dat minsken har oan de foarsoarchsmaatregels hâlde, ek al wurde de lanlike coronamaatregels ferromme. Neffens de feriening binne mûlkapkes en de oardel meter ôfstân noch altiten nedich yn de húsdokterpraktiken.