VC Snits docht goeie saken mei oerwinning op Regio Zwolle
De follybalsters fan VC Snits ha in wichtige oerwinning boekt yn de race om de boppeste plakken yn de earedivyzje. Regio Zwolle waard mei 3-0 ferslein.
Yn de earste set wie it ferskil noch net sa grut, mar de twa sets dêrnei kaam Snits net yn de problemen: 25-22, 25-17 en 25-17. Earder dit seizoen ferlear Snits noch mei 3-0 yn Zwolle.
Snits stiet no op it tredde plak mei 33 punten út achttjin wedstriden. De stân is wat fertekene, omdat it tal spile wedstriden bot ferskilt. Apollo hat bygelyks ien punt minder, mar ek trije wedstriden minder spile.
De bêste acht teams nei de reguliere kompetysje (24 wedstriden) pleatse har foar de kwartfinales om it lânskampioenskip. Wat dat oanbelanget stiet Snits der goed foar.