Stoarm Dudley soarget foar skea en oerlêst yn Fryslân

Stoarm Dudley soarget troch de hiele provinsje foar skea en oerlêst. Oant de ein fan de middei bliuwt der kâns op wynstjitten, mar neffens waarman Piet Paulusma hat it swiertepunt al west.
Stoarm Dudley soarget foar skea en oerlêst yn Fryslân
De helptsjinsten binne yntusken tsientallen kearen oproppen fanwege stoarmskea. By Aldehaske binne heechspanningskabels op de dyk bedarre. "De stroom schakelt automatisch uit als de lading op de grond komt", seit in wurdfierder fan netbehearder TenneT. "Maar je moet zo'n kabel niet op je hoofd krijgen."
De dyk hat in skoftke ticht west. De omkriten moasten it in pear minuten sûnder stroom dwaan. It gebeurt neffens de wurdfierder net faak dat kabels nei ûnderen falle. De lêste kear wie neffens har in pear jier lyn yn Grinslân.

Meldingen út hiele provinsje

De meldingen komme fierder út de hiele provinsje, ûnder oare út Jistrum, Rinsumageast, Elslo, Drachten, De Westereen, Ljouwert en fan It Amelân en Skiermûntseach. It giet yn de measte gefallen om beammen dy't omwaaid wienen.
Op de A31 rjochting Ljouwert is de ôfrit Dronryp ticht fanwegen in omwaaide beam. Op de Sintrale As (N356) by De Falom rekke in auto fan de dyk. It slachtoffer is swierferwûne nei it sikehûs brocht, meldt RTV NOF.

Brêgen net betsjinne

De provinsjale brêgen yn Fryslân wurde dizze dagen net betsjinne, fanwege de stoarm. De provinsje besjocht noch hoe lang dy maatregel duorje sil.
Wetterskip Fryslân hat in tal slûzen sletten en twa gemalen oanset. Ut foarsoarch is ek it wetterpeil yn de provinsje nei ûnderen brocht.

Minder boaten nei eilannen

Ek foar de boaten nei de eilannen hat de stoarm gefolgen. Rederij Doeksen kundige earder al oan tongersdeitemoarn in tal boaten nei Flylân en Skylge net farre te litten. Freed lit Doeksen opnij in tal boaten nei de eilannen ferfalle of op oanpaste tiden farre.
Rederij Wagenborg lit tongersdei de sneltsjinsten nei It Amelân en Skiermûntseach ferfalle en ek in tal gewoane boaten. Freedtemiddei farre opnij in tal sneltsjinsten net.

Eunice komt deroan

It KNMI warskôget tongersdei oant 18.00 oere mei koade giel fanwege de hurde wyn. Dêrnei wurdt it even wat rêstiger, mar freedtemiddei lûkt de wyn wer oan. Dan lûkt in nije stoarm oer it lân, mei de namme Eunice. De ferwachting is dat Eunice steviger wurdt as Dudley.