Nije ôfspraken oer ferdieling fan wetter út de Iselmar by drûchte

Belutsen oerheden hawwe nije ôfspraken makke oer it ferpartsjen fan it wetter út de Iselmar by drûchte. De âlde ôfspraken oer it ferdielen fan wetter út 2009 foldogge net mear.
Starum oan de Iselmar © Shutterstock.com (Steve Photography)
It ferlet nei wetter is tanaam, ûnder oare troch de hieltyd drûger wurdende simmers. Dêrom is der in nije 'Regionale Verdringingsreeks' ôfpraat troch de 16 belutsen oerheden om de Iselmar en Markermeer hinne.

Ferdielingsfolchoarder

By it ferdielen steane de feiligens fan de diken, it beheinen fan natuerskea en de beskikberens fan drinkwetter foarop. As der wetter oer is, giet it nei yndustry, lânbou en skipfeart. De oerheden hawwe ek ôfspraken makke oer de folchoarder dy't oanhâlden wurdt.
De ôfspraken binne noch net definityf, om't de kommende twa jier noch ynspraak mooglik is op provinsjaal nivo. Wol wurdt der by nije perioaden fan drûchte al fêst nei hannele.