Ald-Ljouwerter bringt gender-tydskrift út: LHBTIQ+ as keunstfoarm

De âld-Ljouwerter fotograaf Hans van der Kamp is de inisjatyfnimmer fan in nij blêd: Norden. It is it earste tydskrift oer drag queens, queers, burlesque performers en de LHBTIQ+-mienskip.
Van der Kamp fertelt oer syn wurk:
De 66-jierrige Hans van der Kamp hat in grut histoarysk eroatysk-pornografysk foto-argyf. Hy is sels útgroeid ta dé fotograaf yn ús lân mei as spesjalisme fetisj en (trans)gender.
Begjin dit jier is de earste edysje fan it tydskrift útbrocht. De twadde edysje fan Norden komt ein maart yn de winkels.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Van der Kamp wûn yn syn karriêre ferskate prizen. Der binne minsken dy't syn wurk pornografysk neame. "Ja, maar dat lees of hoor ik nooit in recensies van de tentoonstellingen", seit de fotograaf sels. "Het is wel zo dat mensen snel preutser aan het worden zijn. Dat betekent dat werk van mij dat tien jaar geleden prima kon, niet eens meer op het internet kan staan omdat het over een grens heen gaat."

Fan New York oant Moskou

It wurk fan de fotograaf is op in soad plakken yn de wrâld tentoansteld mei as hichtepunten New York en Moskou. Nettsjinsteande protesten yn Moskou en sels fernielingen troch knokploegen, bleau Van der Kamp in populêre fotograaf yn de Russyske haadstêd.
De eksposysje mei portretten fan transseksuelen, transgenders en travestiten, dy't trije moannen duorje soe, hat der úteinlik fiif jier hongen.
'The Russians are Coming' © Hans van der Kamp
Van der Kamp waard frege om yn opdracht fan it regear in eksposysje op te setten oer gender mei fotografyske wurken oer de perioade 1976 oant en mei 2019. Dy soe troch it lân reizgje en hie foarljochting en emansipaasje ta doel.
"Die reizende expositie is vanwege corona niet doorgegaan, maar een tijdschrift heeft dezelfde functie", seit Van der Kamp. Dêrom is hy wiis mei Norden. "Met name de interviews vertellen veel over de beweegredenen, waarom mensen zich zo lekker voelen in die gedaante."

Al yn Ljouwert warber

Op de middelbere skoalle yn de Fryske haadstêd holde hy him al dwaande mei fotografy en poëzy. Letter wie hy inkelde jierren fêste fotograaf foar it tydskrift Nieuwe Revue. Ek wie hy ûnder oare haadredakteur fan PlayGirl en Penthouse.
Ut New York wei hat hy noch korrespondint west foar de Geïllustreerde Pers en VNU (Verenigde Nederlandse Uitgeverijen). Yn 1993 skreau hy in roman: Nette mensen in een nieuwe tijd.
Dallas Angel, ien fan de modellen yn Norden © Hans van der Kamp
Van der Kamp fielt him al sûnt syn tiid op de keunstakademy oanlutsen ta minsken út de LHBTIQ+-mienskip en toant har as keunstfoarm.
Hy seit dêr sels oer: "Ik was op een of andere manier gefascineerd door supermannelijk- of supervrouwelijkheid. Ik werd zelf ook vaak aangesproken met 'juffrouw'. Toen heb ik kennelijk al geworsteld met genderidentiteit en uiteindelijk ben ik mijn hele leven het thema blijven volgen. Ook uit een soort van zelfverkenning."