Undersyk nei helberens Lelyline en wentebou wurdt 8 maart iepenbier makke

It 'ferdjipjend ferfolchûndersyk' nei de helberens fan de Lelyline en de bouplannen yn it Noarden komt op 8 maart. Deputearre Avine Fokkens seit dat der mei de tasizzing yn de regearingsferklearring fan it nije kabinet in 'nije realiteit' leit.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Deputearre Fokkens makke dat woansdei buorkundich yn Provinsjale Steaten yn har antwurd op fragen fan VVD-Steatelid Durk Pool. It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân sille it mienskiplike ûndersyk op ien momint tagelyk iepenbier meitsje.

Spoarline en huzen

Yn it stik Bouwstenen voor het Deltaplan voor het Noorden diene de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân ferline jier it foarstel foar in nije spoarline fan 125 kilometer fan Lelystêd oer It Hearrenfean en Drachten nei Grins yn kombinaasje mei de bou fan mei-inoar 225.000 ekstra wenten om de wenningneed oan te pakken.
It trasee foar de Lelyline rint yn prinsipe by de A6 en A7 del © Omrop Fryslân
Sa'n 45.000 fan dy wenten soene yn Fryslân boud wurde kinne, sa hawwe de Fryske gemeentes de provinsje wite litten. It dokumint dat op 8 maart presintearre wurdt, is neffens Fokkens 'amtlik klear'. De bestjoerlike ôfstimming is yn folle gong.
Sympoasium oer de Lelyline yn de Lawei yn 2019 © ANP
Fokkens heakke der oan ta dat de ynspraak oer in nij spoartrasee wetlik de ferantwurdlikens is fan it Ryk. Dêrnjonken stiet it Provinsjale Steaten frij om ek sels ynspraak te organisearjen.

'Nije realiteit'

Neffens Fokkens leit der 'in nije realiteit' as it om de Lelyline giet, troch de tasizzing fan it nije kabinet om 3 miljard foar it projekt út te lûken. Underdiel fan it rapport dat op 8 maart ferskynt, is in foarriedige MKBA ('maatschappelijke kosten-batenanalyse') nei de helberens fan de nije spoarferbining.
Deputearre Avine Fokkens-Kelder © Omrop Fryslân
Foar grutte projekten op it mêd fan ynfrastruktuer is sa'n analyze yn prinsipe ferplichte. De kosten fan de nije spoarferbining wurde (ôfhinklik fan it trasee dat keazen wurdt) skat op in bedrach tusken de 6,5 en 9 miljard.
Njonken de troch it Ryk taseine bydrage fan 3 miljard moatte der dus ek noch miljarden op oare plakken fûn wurde.