Operaasje Fryske Flagge: Sikke Couperus genietet fan de stilte yn Noard-Italië

Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Sikke Couperus, in Toppenhúster yn Italië.
Sikke Couperus © Omrop Fryslân
Sikke Couperus hat it meast fan syn libben yn Toppenhuzen trochbrocht, mar wennet no al jierren yn it noarden fan Italië. Mei syn Italiaanske frou Cristina Raselli hat er in bêd en brochje yn Capriglio, dat sa'n 30 kilometer eastlik fan Turijn leit.

Earst nei Ibiza

Mar earst hat er in pear jier op Ibiza wenne, dêr't er telâne kaam fia syn buorfrou. Dy woe leaver net allinnich op fakânsje en frege oan Sikke oft er mei woe. In dei letter boekten se tickets en dyselde wike sieten se yn it fleantúch nei it Spaanske eilân. Se wienen noch net thús of hy gie der alwer hinne. "We ha lekker op fakânsje west en trije dagen nei't we weromkommen binne, waard ik opbelle: 'ik wit in caravan te stean'. Dat wie op in tiisdei en sneons wenne ik op Ibiza. Dat koe doe noch", fertelt Couperus.
Hoe't er dan yn Italië bedarre is? "Ibiza wie eins te waarm foar my, it seewetter wie 29 graden yn augustus", seit Couperus. "Ik wie dêr allinnich en doe ha ik my ynskreaun op in ynternasjonale datingsite." Sa is er yn kontakt kaam mei syn Italiaanske frou. "Sy siet yn Turijn en trije wike letter wenne ik yn Italië." Se binne no al sechtjin jier gelokkich mei-elkoar.
Ik haw altyd al in Fries ha wollen, mar ik wist net dat it in provinsje wie en dat der ek Fryske manlju binne.
Cristina, de Italiaanske frou fan Sikke Couperus
Tsien jier lang ha se yn Capriglio in maneezje hân, want Couperus syn frou is gek op hynders. "Trije wiken neidat ik hjir oankommen wie, sieten we sa te praten yn it Ingelsk en it Spaansk. Se sei: ik haw altyd al in Fries ha wollen, mar ik wist net dat it in provinsje wie en dat der ek Fryske manlju binne."
Troch de wrâldkrisis koene se de maneezje net trochsette, mar Couperus hoecht him net te ferfelen. "Wy wenje hjir yn 'e bosk. We sitte trije kilometer fan alle doarpen ôf. Hjir rinne allinnich mar wylde swinen, harten en fazanten om. Lekker rêstich hjirre. Ik genietsje fan de stilte en as ik in bytsje reuring ha wol, ha ik Radio Fryslân oanstean."

Frysk prate

Couperus hat noch famylje yn Nederlân, mar hy komt hjir al jierren net mear. Wol folget er fan alles fia Facebook wat Fryslân oanbelanget. It Frysk praten mist er wolris. "Ik praat altyd graach Frysk, mar dat slagget hjir net natuerlik. Se fersteane je net."
Sikke Couperus út Noard-Italië wei