Oardel meter en mûlkapkesplicht wurde takom wike loslitten

De oardel meter ôfstân en de mûlkapkesplicht wurde takom wike 25 febrewaris loslitten. Dat hat minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens tiisdeitejûn yn de parsekonferinsje oankundige.
Ernst Kuipers © ANP
Neffens Kuipers binne de ferrommingen ferantwurde, omdat de sikehûssifers sawat stabyl binne nettsjinsteande de hege besmettingssifers. "We lijken nu op of net over de piek heen te zijn", seit de minister.
"We kunnen niet zonder de zorg, maar we kunnen ook niet zonder elkaar", seit Kuipers. "Alles gaat dus weer open. Niet in één keer, maar in stappen. Dat zijn grote stappen."

Rommere slutingstiid hoareka

Ien fan de maatregels is dat de hoareka fan freed ôf iepenbliuwe mei oant 01.00 oere. De slutingstiid is no noch om 22.00 oere. In wike letter wurdt der neffens Kuipers noch mear ferromme. "Op 25 februari gaan we terug naar de normale sluitingstijden, zoals we die voor corona ook hadden."
De coronapas wurdt net ynfierd, mar Testen voor Toegang bliuwt ferplichte by eveneminten mei mear as 500 minsken. Klassen en kolleezjesealen yn it heger beropsûnderwiis meie wer fol.

Mûlkapkes en oardel meter

De mûlkapkesplicht en de oardelmeterregel gean der ek ôf. Dy wurde omset yn in driuwend advys. Allinnich yn it iepenbier ferfier en op de lofthavens sil de mûlkapkesplicht noch jilde.
Op 15 maart sil it kabinet opnij sjen nei dizze coronamaatregels.

Iepen yn trije stappen

Nederlân giet wer iepen. It kabinet docht dat net yn ien kear, mar yn trije stappen. Minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens neamt it grutte stappen, dy't rap efterinoar set wurde. We sette se hjirûnder op in rychje.

Stap 1: Fuortendaliks

Fuortendaliks ferfalt it advys om thús net mear as fjouwer minsken te ûntfangen. It advys om safolle mooglik thús te wurkjen feroaret yn maksimaal de helte fan de wurktiid op kantoar wurkje.

Stap 2: 18 febrewaris

Fan freed 18 febrewaris kinne alle lokaasjes yn it lân wer iepen oant 01.00 oere. It giet dan bygelyks om hoarekasaken, bioskopen, musea, teäters en stadions. It coronatagongsbewiis (3G) bliuwt noch oant 25 febrewaris jilden op plakken dêr't it no ek al toand wurde moat. Binnendoar is in fêst sitplak, mûlkapke of oardel meter ôfstân allinnich ferplichte op lokaasjes mei mear as 500 minsken. Der jildt gjin besikersnoarm mear. Isolaasje nei in positive coronatest giet fan sân werom nei fiif dagen, mits ien 24 oeren klachtefrij is.

Stap 3: 25 febrewaris

De lêste stap is op 25 febrewaris. Dan jilde wer de normale iepeningstiden fan foar de coronakrisis. It coronatagongsbewiis (3G) op lokaasjes mei minder as 500 minsken ferfalt. Ek de oardelmeterregel en de mûlkapkesplicht gean derôf, útsein yn it iepenbier ferfier en op lofthavens. Grutte nachtklups, diskoteken, festivals en eveneminten kinne wer sûnder beheiningen iepen. Op lokaasjes binnendoar dêr't mear as 500 minsken byinoar komme, moat elkenien noch wol in negative testútslach sjen litte. Dit jildt net foar trochstreamlokaasjes as beurzen en kongressen.
Op de webside fan de Rijksoverheid binne de details te finen oer de krekte regels en betingsten.
Kuipers seit noch wol mei klam dat de basisadvizen, sa as hannen waskje, ôfstân hâlde, teste litte en fentilearje, wichtich bliuwe. Hy freget om rekken te hâlden mei kwetsbere minsken, om't dy mear risiko rinne sille no't de maatregels ferdwine.
Hy is fierders optimistysk, mar fynt ek dat we realistysk bliuwe moatte. "Corona is nog niet weg. Er kan nog weer een nieuwe variant komen."