FIDEO: Bern op âlde basisskoalle Sven Kramer moedigje him noch ien kear oan
It is al hast 25 jier lyn dat er der op skoalle siet, mar op de Tjongerskoalle yn Mildaam binne se Sven Kramer noch net fergetten. De 84 skoalbern op de lytse basisskoalle moedigen him tiisdei noch ien kear oan by syn lêste olympyske ploege-efterfolging.