Nije Cambuurstadion op 1 septimber 2023 klear

It nije Cambuurstadion en de Friese Poort binne op syn letst op 1 septimber 2023 klear foar gebrûk. Dat hat ûntwikkeler Van Wijnen witte litten.
Ympresje fan it nije Cambuurstadion © Van Wijnen Noord en Oost
It kolleezje fan B en W skriuwt oan de Ljouwerter gemeenteried dat der noch wol in protte stappen set wurde moatte. It giet dan bygelyks om it ferlienen fan de omjouwingsfergunning. Van Wijnen moat dêrfoar noch wol in oantal dokuminten oanleverje.

Grûnoerdracht

Noch net alle kontrakten binne rûn. De gemeente kin de grûn dêrom noch net oerdrage oan Van Wijnen. Der wurdt wol in útsûndering makke foar McDonald's. Sy meie al foar de grûnoerdracht bouwe. Op 21 febrewaris sil dêrmei begûn wurde.