HEA! Fjouwer kear ferkearing

Hendrik Dijk en Thea Holwerda út Winaam hawwe in hiel bysûndere leafdesskiednis. Se krigen mar leafst fjouwer kear ferkearing.
HEA! Fjouwer kear ferkearing:
De earste tút wie yn 1963, mar it rekke wer út. Dat barde noch twa kear. Hendrik en Thea binne tige ferskillend. Sy gean hielendal op yn harren eigen passys. Hy as keunstner, sy as kok. Dochs fine se elkoar altyd wer. Dêrom rekke it ek noch in fjirde kear oan en goed 55 jier nei dy earste tút stapte it pear yn it houliksboatsje.