'Reedrydbûn moat mei takomstplan komme foar ploege-efterfolging'

De Nederlânske reedrydsters kinne libje mei it brûns op de ploege-efterfolging yn Peking. Mar yn de takomst moat it wol oars, fine se.
It team is wol in team:
"We ha alles jûn, rieden better as twa dagen lyn en mear as ien team, mar Kanada en Japan wienen gewoan better", sei Antoinette de Jong.
Dy twa lannen wienen folle rapper as de Nederlanners. "Sy ride hielendal yn elkoars slach en better op elkoar ynspile", seit De Jong. "Dochs bin ik grutsk op it brûns."

'It sit goed'

De Jong ried de kwart- en de heale finale noch, mar waard yn de striid om it brûns ferfongen troch Marijke Groenewoud. "Ik hie dit net misse wold", seit de Hallumse dy't har earste olympyske medalje te pakken hat. "Hjoed ha we sjen litten dat it goed sit."
De media willen graag van alles zien.
Ireen Wüst oer de sfear yn de ploech
Der is de lêste wiken in soad sein en skreaun oer de sfear binnen de frouljusploech. It soe gjin team wêze. De brûnzen medalje lit neffens de froulju sjen dat it just wol goed sit.
"Het was zeker niet zo erg als het eruit zag", seit Ireen Wüst. "Maar de media willen graag van alles zien. Er was wel alle reden om chagrijnig te zijn, maar ik ben trots dat we ons vandaag gerevancheerd hebben."
Yn de takomst moat der wol wat feroarje, neffens de iennige net-Friezinne yn de ploech: Irene Schouten. "We zijn in Nederland individueel heel goed, maar als team moet het beter. Ik hoop stiekem dat we hiervan leren en dat er in de toekomst meer aandacht aan wordt besteed."
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.
Neffens Schouten moat der mear op traind wurde. Of it reedrydbûn moat earlik sizze dat foar Nederlân de yndividuele plakken wichtiger binne.
Wüst is it mei har iens: "Er moet wel iets komen van een toekomstplan waarin meer duidelijk is. Bijvoorbeeld vaker samen trainen daar word je individueel ook beter van."
By Noarwegen en Amearika giet it hiel oars. "Zij rijden alsof er één persoon over die baan gaat. De Japanse vrouwen en de Canadezen trainen altijd met elkaar. Dat is makkelijker. Maar ik denk wel dat het ook beter moet voor Nederland."