Froulju moatte it dwaan mei brûns op ploege-efterfolging, manlju fjirde

Ireen Wüst, Marijke Groenewoud, Antoinette de Jong en Irene Schouten ha op de ploege-efterfolging brûns pakt. De mannen waarden fjirde.
Marijke Groenewoud, Irene Schouten en Ireen Wüst © ANP
Der is de lêste tiid in soad sein en skreaun oer de frouljusploech, besteande út Irene Schouten en de trije Friezinnen. It soe gjin team wêze. Troch de froulju sels wurdt dat tsjinsprutsen, mar de resultaten falle wol ôf. De Nederlanners pleatsten har as tredde foar de heale finale en waarden dêryn útskeakele troch Kanada.
Yn dy earste twa races ried Nederlân mei Wüst, De Jong en Schouten. De Jong waard yn de lytse finale ferfongen troch Marijke Groenewoud.

Folle rapper as Ruslân

Mei de Hallumse derby wie Nederlân folle rapper as Ruslân. Nei in rûntsje wie it ferskil al makke en wie Ruslân sa goed as kânsleas. It ferskil wie úteinlik 1,79. It goud wie foar Kanada mei de Fryske coach Remmelt Eldering.
Foar Wüst is it har trettjinde olympyske medalje, foar De Jong har fjirde en foar Groenewoud har earste.

Manlju gripe njonken medalje

De manljusploech, mei Sven Kramer, Patrick Roest en Marcel Bosker is der net yn slagge om in medalje te pakken. Nederlân waard yn de heale finale, krekt as fjouwer jier lyn, al útskeakele troch Noarwegen. De Noaren wiene 1,34 rapper: 3.39,62 om 3.38,28. Yn de striid om it brûns wienen de Feriene Steaten ek fierstente sterk.
Sven Kramer © ANP
Kramer-en-dy hienen har as fjirde en lêste pleatst foar de heale finale, Noarwegen as earste. De start fan Nederlân wie better as twa dagen lyn en yn de begjinfaze ûntrûnen de twa ploegen elkoar hast neat. Dat hie der ek mei te krijen dat Noarwegen minder rap wie as yn de kwartfinale.

Bosker kin tempo Noarwegen net folgje

Mar yn de rûntsjes mei Marcel Bosker op kop rûn de tiid fan Nederlân rap op, wylst Noarwegen konstanter wie. Patrick Roest, de lêste kopman by Nederlân, koe it ferskil net mear goedmeitsje.
Ek Amearika wie folle sterker as de Nederlânske ploech. Kramer, Roest en Bosker makken in folle mindere yndruk as de ploech fan de Feriene Steaten. It ferskil wie oan de eion fan de race 2,82 sekonden (3.38,81 om 3.41,62). De manlju moasten it dêrom dwaan mei in teloarstellend fjirde plak.
It goud gong yn in iensidige finale nei Noarwegen. Dy fersloegen de ferrassend sterke Russen.
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.