Liveblog | 15 febrewaris 2022

Coronanijs 15 febrewaris: kabinet ferrommet grut part fan de coronamaatregels

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Oardel meter en mûlkapkesplicht takom wike loslitten;
  • Gjin maksimaal tal besikers mear, thúswurkadvys ferromme;
  • Kuipers: "Op 15 maart is het volgende weegmoment";
  • Tiisdei binne der 2.863 nije coronabesmettingen registrearre yn Fryslân.

Dit liveblog is ook te in het Nederlands volgen.

Lêst bywurke: 15 febrewaris 2022, 22:32
22:30

Ein fan dit liveblog

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
22:00

Ieder(in): kwetsbere minsken 'bûtenspul set' by ferrommingen

In part fan de minsken mei in beheining of groanyske oandwaning fielt him "buitenspel gezet" troch it beslút fan it kabinet om de coronamaatregels te ferromjen. Dat seit direkteur Illya Soffer fan it netwurk foar minsken mei in beheining of groanyske sykte Ieder(in).
De organisaasje freget mear omtinken foar minsken mei in kwetsbere sûnens. Sy rinne nammentlik noch hieltyd risiko om bot siik te wurden, sûnensskea of in tebekgong fan harren kondysje troch in coronabesmetting, ek as se faksinearre binne, seit Soffer. Ieder(in) wol dat it kabinet mear docht om minsken mei in beheining of groanyske sykte te beskermjen.
By it netwurk binne 238 belangeorganisaasjes en pasjinteferieningen oansletten.
21:26

Fuotbalklups starte kaarteferkeap direkt wer op

Ferskate klups yn it betelle fuotbal hawwe nei de parsekonferinsje direkt de kaarteferkeap wer opstart. Se meie fan takom wykein ôf wer de folsleine kapasiteit fan harren stadions brûke. Fortuna Sittart - Sparta Rotterdam wurdt freed de earste wedstriid yn lange tiid yn de Earedivyzje wêrby't de tribunes wer hielendal fol sitte meie.
De ôfrûne wiken mochten de klups mar in tredde part fan de kapasiteit fan de stadions brûke.
21:01

Ina Kuper (LNAZ) oer ferrommingen: "Ik verwacht dat er meer medewerkers zullen uitvallen"

It ferromjen fan de coronamaatregels sil wierskynlik op 'e nij liede ta it útstellen fan operaasjes, tinkt foarsitter Ina Kuper fan it Landelijk Netwerk Acute Zorg (LNAZ). "Gezien het loslaten van de maatregelen verwacht ik dat de besmettingen nog verder toe zullen nemen en er meer medewerkers zullen uitvallen", seit se. "Dit zal leiden tot het weer moeten afschalen van de zorg waar mensen al lang op hebben moeten wachten."
Kuper reagearret op it nijs dat de coronamaatregels dizze moanne hast hielendal loslitten wurde sille. Dat makke soarchminister Kuipers op de parsekonferinsje bekend. Hy seit dat dêr romte foar is, om't it tal coronapasjinten yn de sikehûzen op it stuit stabyl liket.
sikehûs Nij Smellinghe © Omrop Fryslân
Kuper, de opfolger fan Kuipers by it LNAZ: "Ik begrijp heel goed dat de huidige ziekenhuiscijfers versoepelingen mogelijk maken. Echter in de de ziekenhuizen zien we een oplopend aantal opnames ten opzichte van vorige week. En we zien een toenemende zorgvraag bij huisartsen en de thuiszorg. En we zien een oplopend ziekteverzuim onder medewerkers in de zorgketen." Dat lêste neamt se in "een grote zorg".
20:07

Ferrommingen foar it ûnderwiis

De ferommingen dy't op de parsekonferinsje troch minister Kuipers oankundige binne, jilde ek foar it ûnderwiis. Dat is de lêzen op de webside fan Rijksoverheid. In grut part fan de maatregels ferfalt foar it primêr en fuortset ûnderwiis, mbû-ynstellings, hegeskoallen en universiteiten.
It kabinet hat derfoar keazen om de ferrommingen yn stappen yn te fieren; it earste part giet freed yn, it twadde takom wike freed 25 febrewaris.

LSVb wiis mei ferommingen

De Landelijke Studentenvakbond (LSVb) is wiis mei de ferromming fan de regels foar groepsgrutte yn it heger ûnderwiis. Foarsitter Ama Boahene: "Bij grotere opleidingen komen colleges met meer dan 75 studenten regelmatig voor. Voor die studenten is veel onderwijs de afgelopen tijd nog online geweest. Het is goed nieuws dat daar nu een einde aan komt."
De maksimale groepsgrutte fan 75 studinten de seal wurdt loslitten, makke minister Kuipers bekend. Der hoege fan ein dizze moanne ôf ek gjin mûlkapkes mear droegen te wurden.
19:27

Kuipers: oardel meter ôfstân en it dragen fan in mûlkapke bliuwt ferstannich

Nettsjinsteande it loslitten fan de basismaatregelen, bliuwt it neffens soarchminister Kuipers ferstannich om de oardel meter ôfstân en de mûlkapkesplicht oan te hâlden. "Afstand houden en mondkapjes blijft wel verstandig, niet als maatregel maar als dringend advies", sei Kuipers.
Op 25 febrewaris ferfalt de oardel meterregel en de mûlkapkesplicht, útsein yn it iepenbier ferfier en yn it fleantúch.