Gasopslach op grins Fryslân-Grinslân wurdt ynset om Groningenveld te sluten

It kabinet wol de gasopslach by Gryptsjerk brûke om it grutte Groningenveld earder te sluten. It gebiet fan Gryptsjerk leit foar in part yn Noardeast-Fryslân. Dy gemeente advisearre tsjin it plan.
De opslachlokaasje yn Gryptsjerk © ANP
It gebiet leit foar it grutste part yn Grinslân, mar de lokaasje komt by Muntsjesyl en De Skâns ek de provinsjegrins oer. De gemeente Noardeast-Fryslân advisearre it ministearje om net yn te stimmen mei de plannen. Wetterskip Fryslân is ek skeptysk, benammen mei it each op de boaiemdelgong by Boerum.
De NAM wie fan doel om de gasopslach fan Gryptsjerk yn 2021 te sluten, mar mei de oandielhâlders en it ministearje is doe besletten om it foarearst te behâlden. Yn de gasopslach ûnder de grûn wurdt no noch 'heechkaloarysk' gas opslein dat brûkt wurdt troch de yndustry. No beslút steatssekretaris Hans Vijlbrief (Mynbou) dat der ek leechkaloarysk gas opslein wurde mei. Dat wurdt brûkt troch húshâldens.
Dat gas foar húshâldens komt net mear út it Groningenveld, mar út in nij stikstoffabryk dy't boud wurdt by Zuidbroek, meldt RTV Noord. As dat fabryk klear is, wurdt dêr ymportearre gas klear makke foar de Nederlânske merk.

Kâns op ierdbevings bliuwt

It Staatstoezicht op de Mijnen joech yn desimber al goedkarring om it gebiet 'Grijpskerk' te brûken. "Er blijft daarbij wel een kans bestaan op aardbevingen", skriuwt Vijlbrief oan de Twadde Keamer. "De wettelijke adviseurs geven aan dat niet uitgesloten kan worden dat in het gebied rond de gasopslag Grijpskerk enige schade aan gebouwen kan ontstaan door trillingen."
Mar de skea sil foar it grutste part "van cosmetische, niet van constructieve aard zijn."

Omkearde bewiislêst

De gemeenten Noardeast-Fryslân en Westerkwartier wolle yn alle gefallen in goede ôfhanneling fan de eventuele skea. Foargongers fan Vijlbrief seagen neat yn inselde skea-ôfhanneling as by it Groningenveld, mar Vijlbrief sels neamt dy 'toepassing van het bewijsvermoeden een belangrijke voorwaarde voor draagvlak'.
It liket der dêrmei op dat de saneamde omkearde bewiislêst ek jilde sil foar bewenners fan it fjild Grijpskerk. It Instituut Mijnbouwschade moat by skea dan mei in fergoeding komme, as der gjin oare oannimlike oanlieding is foar de skea.