Persoan omkaam by stekynsidint op De Lemmer, twa fertochten oanholden

By in stekynsidint yn in hûs op De Lemmer is tiisdeitemoarn betiid in persoan mei in bûtenlânske nasjonaliteit om it libben kaam. De plysje hat twa fertochten oanholden.
De plysje op it plak fan it ynsidint © CAMJO media
It ynsidint wie oan de Sluisweg. Doe't de plysje nei de melding op it plak fan it ynsidint kaam, wie it slachtoffer swierferwûne. Help kaam te let.
De plysje hold de 36-jierrige fertochte fan De Lemmer letter yn de moarn oan op de Polderdyk. By him wie ek in 36-jierrige frou út it doarp. De plysje hat ek har oanholden.
De plysje docht forinsysk ûndersyk en is noch hieltyd op syk nei tsjûgen.