Natuergebiet De Alde Feanen yn gefaar troch stikstofútstjit

Natuergebiet De Alde Feanen driget te ferdwinen as de útstjit fan stikstof net gau werombrocht wurdt. Dêrfoar warskôget Greenpeace. It is de konklúzje út in ûndersyk dat ûnder oare de Radboud Universiteit yn Nijmegen dien hat yn opdracht fan de miljeu-organisaasje.
Stikstofútstjit bedriget De Alde Feanen:
As de útstjit net gau werombrocht wurdt hat dat grutte konsekwinsjes foar fjirtjin beskerme natuergebieten. It giet dan njonken De Alde Feanen om bygelyks De Hoge Veluwe. De hege útstjit soarget derfoar dat de orizjinele planten ferdwine. "Het volledige ecosysteem stort dan in", seit Hilde-Anna de Vries fan Greenpeace. "Er moet snel actie ondernomen worden."

Toplaach derôf

De Alde Feanen is yn eigendom fan It Fryske Gea. Dy herkent de konklúzjes. Haad natuerkwaliteit Chris Bakker seit dat der ek hurd oan wurke wurdt om it te behâlden. "Wat we der oan dwaan kinne is dat we geregeld 'afplaggen'. Sis mar, dat we de toplaach derôf grave. Dan bist dy grûn kwyt dy't sa fol sit mei dy stikstof en makkest romte foar de orizjinele floara en fauna."
Der is allinnich ien probleem, seit Bakker. "Dêr kinne je net ivich mei trochgean, want dan wurdt it in wetterplasse."
Nasjonaal Park de Alde Feanen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Neffens Greenpeace is der mar ien opsje: it drastysk omleech bringen fan de stikstofútstjit foar ein 2025. Hilde-Anna de Vries: "De stikstofplannen van het kabinet liggen te ver in de toekomst. Die moeten echt dichterbij, want anders is het straks te laat."
Lânbou-organisaasje LTO Nederlân fynt dat de miljeu-organisaasje fierstente koart troch de bocht giet. De doelen fan Greenpeace soenen neffens LTO grutte konsekwinsjes ha foar wenningbou, bedriuwen en de ûntwikkeling fan it lanlik gebiet.