Tiisdei yn Peking: Ploege-efterfolgingen mei De Jong, Wüst en Kramer

Der kinne wer Friezen jeie op in medalje yn Peking. De ploege-efterfolging foar de froulju en de manlju wurde tiisdeitemoarn ferriden op de langebaan.
© ANP
Fjouwer jier lyn pakten de Nederlânske froulju yn de finale op de ploege-efterfolging sulver, doe wûn Japan it goud. Dit kear treft de ploech fan Ireen Wüst, Antoinette de Jong en Irene Schouten yn de heale finale de titelferdigener al.
Yn de kwartfinale setten de froulju net de bêste tiid del, mar it wie wol genôch om de heale finale te berikken. Kanada nimt it yn de oare heale finale op tsjin de Russyske froulju. Om 7.30 moarns hawwe de Nederlânske froulju de kâns om de finale te berikken.

Ploege-efterfolging manlju

Sven Kramer nimt it mei Patrick Roest en Marcel Bosker flak nei de ploege-efterfolging by de froulju op tsjin Noarwegen, titelferdigener by de manlju. De Nederlânske ploech lei snein oardel sekonde efter op de rapste tiid.
Mochten de manlju en froulju de ritten rapper útride as harren tsjinstanners, dan ride de froulju twa oeren letter, om 9.28 oere de finale al. Ek by de manlju is der gjin tiid om ta rêst te kommen, om 9.47 stiet de finale foar de manlju op de planning.
As de ploegen de finale net helje, wurde om 9.22 oere (froulju) en 9.41 oere (manlju) de treastfinales ferriden.
Sjoch foar mear nijs oer de Olympyske Spelen op ús temaside. Dêr sjochst ek wannear't de Friezen yn aksje komme.