Olympysk kampioen Erin Jackson pakt goud mei tank oan Fryske donuts

De Amerikaanske reedrydster Erin Jackson pakte snein in gouden medalje op de 500 meter by de Olympyske Spelen yn Peking. Dy medalje wie hiel spesjaal foar bakker Jan Schiere. Jackson is nammentlik sljocht op de donuts dy't hy makket. Se yt der wol fjouwer op in dei.
Reedrydster Erin Jackson fytste wol gauris del by de bakker yn Oranjewâld:
Jackson learde it reedriden yn Thialf op It Hearrenfean. Yn dy tiid fytste se wol gauris del by bakkerij De Bakkers van Verloop yn Oranjewâld, dêr't Schiere wurket.
"Se moast altyd in protte hawwe", wit hy noch. "Sy wie in aardige klant, se koe ek al in bytsje Nederlânsk. We wisten altyd al wat se ha moast", seit er, doelend op de donuts.
Bakker Jan Schiere © Omrop Fryslân
Donuts lykje net it meast geskikte iten foar topsporters. Hoe't it kin dat Jackson mei har spesjale dieet dan wol sa hurd rydt, wol Schiere net sizze. "Oars begjinne se allegear sa hurd te riden."
Dit is wol moai om te hearren, dat je op dy donuts sa hurd ride kinne.
Bakker Jan Schiere
De bakker fynt it geweldich dat Jackson goud pakt hat. "We hienen leaver in Nederlanner hân, mar dit is wol moai om te hearren, dat je op dy donuts sa hurd ride kinne."
Erin Jackson wûn goud op de 500 meter © Orange Pictures
Wa't de donuts ek ris priuwe wol, moat geduld hawwe. "Op dit stuit hawwe we se efkes net. Oan 'e ein fan it jier binne se der wer."
Ferslachjouwer Casper Slotboom by De Bakkers van Verloop yn Oranjewâld