Gerben Wiersma wurdt bûnscoach Dútske turnsters

Hast in jier neidat er syn funksje as bûnscoach fan de Nederlânske turnsters dellei, sil Gerben Wiersma wer oan de slach yn it turnjen. De 44-jierrige Fries wurdt bûnscoach fan de Dútske turnsters.
Gerben Wiersma © Orange Pictures
Wiersma wie ien fan de Nederlânske turncoaches dy't yn de simmer fan 2020 yn opspraak kaam fanwege beskuldigingen fan ûntalitber gedrach. De tuchtkommisje fan it Instituut Sportrechtspraak (ISR) spruts him yn earste ynstânsje frij, mar nei berop waard er yn oktober dochs noch skuldich befûn oan gedrach dat net troch de mesken koe. Dat wie yn de perioade 2010-2011.

Gjin straf

Hy krige lykwols gjin straf, nei eigen sizzen omdat him "mar hiel beheind" wat ferwiten wurde koe. Inkelde âld-turnsters hiene Wiersma beskuldige fan ûnder mear skellen en it meitsjen fan kwetsende opmerkingen.
De Fries hold yn maart ferline jier op, fjouwer moannen foar de Spelen fan Tokio, as bûnscoach fan de Nederlânske frouljusploech. Hy wurke sûnt 2008 by gymnastykbûn KNGU, wêrfan't de lêste acht jier as bûnscoach fan de froulju.

Spelen fan 2024

Wiersma sil de Dútske turnsters tariede op de Olympyske Spelen fan 2024 yn Parys. Yn augustus fan dit jier is yn München it EK turnjen. "Hjir stiet in tige sterk team mei potinsje", seit de Fryske turncoach op de webside fan it Dútske bûn.