Ministearje fan de Takomst jout berneskuon oan Den Haag as Falentynskado

Keamerleden, ministers en steatssekretarissen kinne op Falentynsdei rekkenje op in kado. It Ministearje fan de Takomst dielt brûkte berneskuontsjes út, dy't symboal steane foar kommende generaasjes.
Skuondoazen mei berneskuon foar Den Haag:
Wini Weidenaar is saneamd minister fan de takomst. "Wat wy wolle is omtinken freegje foar it lange-termyntinken. Alles wat wy hjoed dogge, dat dat gefolgen hat foar de generaasjes dy't nei ús komme." Dy bewustwurding wol se op ferskate nivo's berikke. "Op oerheidsnivo, op eigen nivo, by bedriuwen."
Weidenaar leit út wat it Ministearje fan de Takomst is. "Boargers mei soargen, sa kinst it neame. It is in lanlike beweging, wy ha minsken út Leiden wei, Eindhoven, Amsterdam, Fryslân, Grins."

179 skuondoazen

"It Ministearje fan de Takomst is noch wat abstrakt, hjirmei wolle wy it taastberder meitsje", leit Weidenaar út. Dêrom stjoere se op Falentyndei skuondoazen nei Den Haag. "It binne 179 skuondoazen, foar 150 Keamerleden en 29 ministers en steatssekretarissen."
Wini Weidenaar oer it Ministearje fan de Takomst
"Sy krije in pear berneskuon, dat is ús Falentynskado oan harren. Wy freegje harren yn de brief dy't derby sit oft se de skuon op harren buro delsette wolle, sa't se der altyd wer oan tinke wêrom't se dêr sitte, en foar wa."
It 'Ministearje' hat mei sin keazen foar brûkte berneskuontsjes. "Just dat brûkte, ik tink dat dat fan wearde is. Besef dat hjir bern yn rûn ha, dy rinne no nei de takomst ta."

Neitinke oer de takomst

Se hopet dat minsken as ûnderwiisminister Dennis Wiersma de skuon as oantinken brûke, as se belied meitsje. "Rekkenjen is wichtich, skriuwen is hiel wichtich", mar neffens Weidenaar wolle bern ek leare oer libbenslessen, leare om nei te tinken oer de takomst. "Miskien moat it ûnderwiis ek wol in bytsje feroare wurde."
Underwiisminister Dennis Wiersma nimt syn skuon yn ûntfangst © Monique Shaw, Ministerie van de Toekomst
Oare saken dêr't neffens Weidenaar mear omtinken foar komme moat is it klimaat. "Dat wolle wy it kommende jier echt op de aginda ha. En demokrasy, wy fine ek dat dêr in feroaring komme moat."
Weidenaar hopet dat alle partijen it lange termyn-tinken úteinlik yn harren programma opnimme.