Famylje Nammensma komt werom út Oekraïne: "It kin dizze wike beide kanten út falle"

Fanwegen de driging fan in Russyske ynfal yn Oekraïne binne Willem en Inge Nammensma mei harren bern fan harren wenplak Lviv ûnderweis nei Fryslân.
De famylje Nammensma by it hûs fan de eardere presidint Yanukovich © Willem Nammensma
"Wy binne krekt Osnabrück foarby. Wy kinne it hast sjen", fertelt Willem Nammensma. Se binne net benaud foar de gespannen situaasje yn Oekraïne, mar wolle it dizze wike even oansjen. "De feiligens stiet foarop. Fan alle kanten wurde jo warskôge dat it misgean kin. Foaral foar ús bern. Datst de situaasje sels net mear yn 'e hân hast, wolst net hawwe."
De famylje wennet ticht oan de grins mei Poalen. Utwike nei dat lân koe ek. Praktysker wie it om werom te kommen nei Fryslân. "Wy ha yn Nederlân in soad leveransiers fan ús bedriuw, ek kontakten fan Inge, en wy ha hjir famylje."

"Yn it westen bart neat"

"Wy gean der fan út dat de situaasje dizze wike ferbetteret. Dat der freed yn elts gefal foar my wer de mooglikheid is om werom te gean."
Wylst wrâldlieders harren noed oer de situaasje uterje, bliuwt Nammensma der wat rêstiger ûnder. "By ús sjochst hielendal net dat der wat oan de hân is. Dêr binne de Oekraïners wol nochter yn. Yn it westen fan it lân bart neat."
De spanning liket dizze wike wol op in hichtepunt kaam te wêzen, fernimt er. "It kin dizze wike beide kanten út falle. Wy hoopje fansels dat it de goede kant op falt. Dat watfoar ôfspraken oft der ek makke wurde, it de-eskalearret."
In komplete ynvaasje fan Oekraïne, dat soe in Tredde Wrâldoarloch útlokje.
Willem Nammensma
Neffens Nammensma leit it net foar de hân dat Ruslân út is op in folsleine ynvaazje fan Oekraïne, as it al binnenfalt. "Dat soe in Tredde Wrâldoarloch útlokje. In ynfal yn de gebieten yn it easten, dy't al yn hannen binne fan de separatisten, is folle wierskynliker. In ynfal nei Kiev hat wrâldimpakt."
Under de Oekraïners libbet it ferdigenjen fan it lân sterk. In konfrontaasje soe dêrom in soad libbens kostje, seit Nammensma. "Hjir komt gjin winner út. Dit smyt allinne mar ferliezers op."
Willem en Inge Nammensma oer de situaasje yn Oekraïne
"Oarloch wolle je net ynkomme, foaral net mei de bern, mar der is ek noch in stik tusken in oarloch en dêr't wy no yn sitte." Sa fertelt Nammensma dat der geregeldwei falske bommeldingen dien wurde.
Op de skoalle fan syn bern binne de ôfrûne tiid seis sokke meldingen dien. "Dat hat impakt. Je geane der foar 99,9 persint fanút dat der neat bart, mar it sil mar krekt wol sa wêze."