Berne-opfanglokaasjes fan fallyt Thuis bij Thea yn Súdwest-Fryslân oernaam

Berne-opfangorganisaasje Kinderwoud nimt de lokaasjes fan Thuis bij Thea yn de gemeente Súdwest-Fryslân oer. Thuis bij Thea waard yn jannewaris fallyt ferklearre. 450 bern waarden troffen troch it fallisemint.
In pjut op in berne-opfang © Shutterstock.com
"We zijn blij dat we de kinderopvang op deze locaties kunnen voortzetten", seit direkteur Vanessa Weever fan Kinderwoud. De organisaasje seit dat de kontinuïteit fan de fan de berne-opfang yn Súdwest-Fryslân fersekere is.